Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: huis lopen Place of Narration: Drachten
Yn 'e Rottefalle wenne Piter Scheper. Dy koe mear as in oar. Hy siet us by syn buorman yn 'e hûs en doe sei er: "Sjoch, al jou fé rint bûtendoar." 't Wie midden yn 'e winter en soks wie net mooglik. It fé stie op 'e stâl, mar de buorman seach syn fé ek tige dúdlik rinnen. Hy gong nei bûten ta, mar der wie neat to sjen. Alle fé stie op 'e stâl.
nl.verhalenbank.19678
Sytse van der Lei en Ealse Kooistra wienen togearre yn tsjinst. Se hienen beide forkearing. Ealse hie forkearing mei in nicht fan my. Hy mocht graech in buorrel. Op in kear soenen se togearre my forlof nei hûs ta. De jouns stutsen se oan. Ealse hie fiersto folle hawn. Hy die 't mâl en sei 't raer op. It gong op in razen en roppen en healwiizjen. "As der...
nl.verhalenbank.37802
Ik tsjinne yn Gaaikemaweer. 't Leit yn Grinslân, achter Niehove. Ik wenne doe by myn skoanâlden yn. Skoanheit en ik wienen arbeider by deselde boer en syn dochter wie dêr faem. It arbeidershúske dêr't wy yn wennen stie in twintich menuten geans fan 'e plaets ôf. Skoanheit krige wurden mei de boer (Tilma) en rekke lulk fuort. Doe makke ik my ek lulk, hwant...
nl.verhalenbank.19849
Der wie ris in âld mantsje ûnderweis. It woarde al letter en op 't lêst wie 't al donker. Hy wie midden yn in bosk en hy seach dat er net mear thús komme koe foar de nacht. Doe seach er in ljochtsje. Jonge, tocht er, lit ik dêr hinne gean. Hy gong der hinne en doe stie dêr in hûske. Dêr wenne in âld wyfke yn. 't Ald-wyfke wie sa bliid dat se ien seach,...
nl.verhalenbank.33153
Us heit wie skuonmakker, hy hat in ûngelok hawn en roun sûnt op krukken. Wy wennen yn Boelensloane. Hy kocht in stik groun mei in hûs, dêr't in greate skuorre oan fêst siet. Der wie doe yn dy tiid noch gjin tsjerke yn 'e Boelensloane. Mar doe wienen der lju, die woenen dêr in doomny preekje litte. Dêr wie heit ek in great foarstander fan. En doe waerd der...
nl.verhalenbank.37909
Ik wie noch net troud, wy wennen op 'e Boelensloane. It waeide dat it stoarme. It wie yn 'e neinacht. In suster fan my hie mei har man by ús west to praten. Myn faem wie ek by ús. Myn suster en 'e man wennen yn Surhústerfean, dêr moesten se dy nachts wer hinne. Ik en myn faem soenen har in ein bringe. It waeide dat it rikke, it stoarme bytiden, en soms...
nl.verhalenbank.37922
Us mem har heit wie in grouwe, forwoeste keardel. Op in kear soed er nei hûs ta. Hy wenne yn Bakkefean. Hy moest oer in planke hinne. Doe't hy der oan ta wie, hearde hy dêr hwat op it plankje. Hy koe net sjen hwat it wie, hwant it wie neare nacht. "Hwat donder," sei er, "hwa keart my?" Mar hy hie dy wurden noch mar krekt sein of hy waerd sa bot smiten,...
nl.verhalenbank.19707
35