Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: huis licht Place of Narration: Opende
It wie yn Grinzer Pein. Ik en myn earste man kommen op in jountiid út it tsjerkje. Wy kommen fan 'e sangforieniging. 't Wie tsjuster. Ynienen stienen wy yn 't folle ljocht. Wy gongen nei heit en dy ta. Dêr fortelde ik hwat wy sjoen hienen. "Hwat soe soks nou bitsjutte?" frege ik. Doe sei heit: "Moarn sil ik jimme fortelle hwat jim sjoen ha." De oare...
nl.verhalenbank.23132
Lammert van der Sluis en syn broer gongen us nei de Poelbuert ta to jounpraten nei in oare broer; dy wenne dêr mei in geskeiden frou. Sy wienen der omtrint oan ta, doe seagen se in ljocht yn 'e keamer. Der stie in frou yn 'e keamer. 't Wie de earste frou, dy't dea wie. De beide bruorren seinen: "Der koe wol fisite wêze; wy gean werom." De oare jouns...
nl.verhalenbank.25930
Myn bruorren stienen us op in joun op to passen by in bakkerskarre wylst de bakker by ús yn 'e hûs wie. Wylst se dêr stienen seagen se klear trije ljochten op in rige. Doe't se dat seagen binne se by de kedde weigong en útnaeid. Se stienen op 'e Drachtster wei. It wienen de ljochten fan 'e earste trije huzen fan 'e Juliana-buert, dy't se sjoen hienen: de...
nl.verhalenbank.27165
Myn mem en ien fan myn bruorren kommen us op in joun togearre thús. 't Wie yn 'e hjerst. Der brânde ljocht by ús achter hûs. Doe't se op 't hiem stienen hie 't ljocht him forplaatst. Doe wie 't in lyt eintsje fierder. Dêr, op dat plak is letter in nij hûs kom, en wy sels krigen in nij achterhús.
nl.verhalenbank.27164
Oan 'e Skieding wie froeger in wylde lantearne. Op it plak dêr't er stean bleau is letter, nei safolle tiid, in hûs kom to stean. De minsken seinen doe al dat dat letter gebeure soe.
nl.verhalenbank.27992
As se froeger wylde lantearnen seagen, dan kom der op dat plak in nij hûs to stean. Dan hienen se de lampe al fan tofoaren brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.21101
Ek op oare plakken haw ik wol ljochtsjes sjoen. Dêr wie 't èk allegear heide. Dêr kommen doe letter ek huzen. Soks komt altyd nei.
nl.verhalenbank.25944
Op it plak dêr't nou Sipke Alberts wennet, dêr seagen se froeger in wylde lantearne. Alle jounen seagen se dêr ljochtsjes. Letter is dêr in hûs boud woarn. 't Is hjir tichteby.
nl.verhalenbank.26900
Ik brocht us op in joun om sahwat healwei alven hinne in hynder nei 't lân. Doe seach ik in wylde lantearne skeef oer 't lân. Dy lantearne bleau stean by Wolter de Vries. Doe sette er ôf en bleau stean op in plak, dat wie wit hoe fier fan my ôf. Op dat plak kom in skoalle to stean en by Wolter de Vries woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.27163
35