Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: huis geluid Place of Narration: Opende
Us beppe kom op in nacht om in ûre of ien kjel út bêd wei. 't Wie allegear gedinder en lûd, 't hûs hie der fan skodde. De oare deis sei se: "Nou komt hjir in tram of in trein lâns. Ik ha der klear de lûden fan heard. Letter is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.26890
De âlde pasterije yn Greategast stie leech. De buorlju wienen tige lyts bihuze en hienen altyd krapte fan reinwetter. Doe hellen se wetter út 'e pasterije. Dat die de man jouns nei 't wurk. Doe hearde er dêr yn 'e pasterije in klok tikjen. En dochs stie it hûs leech. Hy gong nei 't plak ta dêr't er de klok tikjen hearde, mar der wie net in klok. Fjirtsjin...
nl.verhalenbank.25999
Myn broer lei op bêd. 't Wie yn 'e nacht. Doe hearde er hwat by de doarren. Doe seach er dragers en in kiste, dy't se yndroegen. Der woarde tsjin him sein syn soan wie dea. Op dat momint lei syn soan op bêd to sliepen. Letter is er stoarn en gebeurden deselde dingen dy't myn broer doe sjoen hat.
nl.verhalenbank.27167
Heit en mem wennen by de Janke-dobbe. Op in nacht gong it bûtendoar lûd op in timmerjen. Mem sei de oare moarns: "Och, och, hwat gong it der fannacht bot oan wei by de Janke-dobbe. En hwat gong 't op in timmerjen. Dêr koe wolris in hûs komme." 't Wie op 'e Skieding. Dat hûs kom der al gau.
nl.verhalenbank.25997
35