Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: huis geluid Place of Narration: Drachten
Hjir by de dwarsfeart stie froeger in hûs, dêr woarde alle nachten yn sage en timmere. Dan seinen de minsken: Dêr komt in nij hûs, mar dat gebeurde noait. Mar nou komme dêr allegear nije huzen to stean. 't Is dus wol neikom.
nl.verhalenbank.26048
Myn heit wie timmerman. Der kom us in neef fan my, in sekere Aelsen Booi, by heit. "Hwat is 't der fannacht oan wei gong," sei er, "ik hearde de sage en se smieten mei stiennen de hiele nacht troch. Ik koe der net fan yn 'e sliep komme. 't Wie hjir flak achter." Heit woe 't net leauwe, mar in healjier letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.23483
Der wie in dûmny dy wenne yn Neerbosch. Dy hearde op in kear dúdlik dat se mei planken en balken smieten, mar doe't hy der hinne gong wie der neat. Letter kom dêr op dat plak in great weeshûs to stean.
nl.verhalenbank.27492
Mem fortelde, ergens yn 'e Rottefalle sieten ris guon op in joun yn 'e hûs mei de lampe op. Doe hearden se dat dêr in kiste ta de doar yn skoud woarde. Se hearden ek de hingsels tsjin 'e kiste oanfallen. Trije dagen letter forstoar der ien yn dat hûs.
nl.verhalenbank.33155
Ik wenne oan 'e Bethlehemsreed yn 'e Boelensloane. Dêr hearde ik nachts timmerjen. Letter kom dêr flak by ús in hûs to stean.
nl.verhalenbank.27762
Yn 'e Houtigehage snieën se froeger rusken. Dêr makken se matten fan. Dy woarden dan wer útsutele. It wienen de jonges meastal dy't yn 'e nacht dy rusken ôfsnieën. De heit hie it deis drok en moest nachts syn rêst ha. It wienen greate jonges, dy't it dienen. Op in nacht kommen dy jonges thús en seinen: "Wy doarre net mear. Der komme sokke rare lûden út in...
nl.verhalenbank.23517
35