Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: huis dood man
It gebeurde yn Strobos dat dêr in frou forstoar. Hja hie har man bilove litten, net ien mocht nei har dea de klean drage, dy't hja droegen hie. Mar dy man tocht dêr letter net mear om en hy troude wer. Hy joech dat minske de klean fan syn earste frou en dat minske die dy klean oan. Mar sûnt dy tiid kom syn earste frou alle jounen by harren yn 'e hûs. Doe...
nl.verhalenbank.32714
Der wie in man yn 'e Westerein, dy syn frou kaem to forstjerren. Hja liet him bilove, dat hy moest goed op har klean passe as hja dea wie. Mar dat hat er net dien. Doe kaem er op in kear thús fan 't wurk, doe seinen de bern: "Us mem hat hjir hjoed west." Mar dat woe dy man net leauwe. Mar it gebeurde al ris wer, en letter nochris. En doe sei syn buorman,...
nl.verhalenbank.29761
Op 'e hoek fan Feanwâldsterwâl hat in man wenne, dy wie stoarn en dy wie nei 't hôf ta brocht sûnder dat er in himd meikrige hie. Sibbele-om wie 't. Dy krige doe gjin rêst. Hy gong nei 't hûs ta dêr't er ta'n útdroegen wie en der oppenearre hy him in kear of hwat. Doe ha se in himd foar Sibbele-om meitsje litten en dat ha se nei 't tsjerkhôf ta brocht en...
nl.verhalenbank.37892
As ien min bihandele wurdt troch in oaren ien en hy komt to forstjerren dan moat dy oare de forstoarne wer sjen. Nou krekt fiif en fyftich jier lyn wenne der yn Surhuzum in boerke. Hy wenne njonken in smidterij, in eintsje achterút. Hy wenne by syn mem yn. Dat minske wie widdou. 't Wie âlde Piere Mat en sy hie o sa min mei har man kind. Yn Surhuzum seinen...
nl.verhalenbank.19970
Oer 't spoar wenne in minske, dat wie Sytse Diuwke. Dat minske forstoar. Op in kear doe't Sytse it fjild yn wie mei tsiis, wie har mem dêr yn 'e hûs. Doe kom it forstoarne minske der stadich yn. Sy roan op 'e kast ta en bleau foar de sydkant stean. Doe gong se der wer stadich út. Ek in plysje, dy't dêr flak by wenne, hie har al us by de daem stean sjoen....
nl.verhalenbank.19449
Us heit fortelde, der hie op 'e Tike in minske wenne, dy hie by har libben bigeard, as se ienkear dea wie, dan woe se mei in wyt-mûtse op yn 'e kiste lizze. Har folk hie har dat biloofd, mar der letter noait wer om tocht. Hja woarde sûnder wyt-mûtse op biïerdige. Mar in dei of hwat letter, doe't de lju al op bêd leinen, woarde der by harren kloppe. Doe't...
nl.verhalenbank.21093
6