Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: huis brand Place of Narration: Opende
Hjirneist is us it hûs ôfbrand. Twa maenden fan tofoaren hie ik it al brânnen sjoen. Ik haw doe ús buorman roppen heard. Ik fortelde it in oare buorfrou. Dy sei: "It is net bêst dat dat gebeurt." Mar it gebeurde in pear maenden letter wol degelik.
nl.verhalenbank.23136
Japik van der Kooi fan Grinzer Pein hat trije kearen fan tofoaren it hûs, dêr't Wigle van der Veen yn wenne, yn 'e brân stean sjoen. Nei de trêdde kear hat it net sa lang mear duorre, doe wie 't sa fier. 't Is oan 'e groun ta opbrând.
nl.verhalenbank.31914
Yn 'e Mieden stie us in kear in hûs yn 'e brân. Guon gongen der hinne om to sjen, mar doe brânde it net. Letter is it hûs ôpbrând.
nl.verhalenbank.26894
Yn Feansterheide hearden se wol faek timmerjen op plakken. Dêr kom dan letter in hûs to stean. Ek ha 'k dat wol fan guon heard hjir yn 'e Pein. Der woarde yn Feansterheide ek wol kloppe op 'e doar. Gongen se der hinne, dan wie der net ien. Even letter hearden se 't selde klopjen wer, dan wie der ien. Sa wie 't ek mei 't tikjen op 't rút. As der in hûs...
nl.verhalenbank.27135
Hjir op 'e Skieding stie in âld húske. Op in kear kom pake thús. Doe sei er tsjin heit en dy: "Doe't ik by dat húske lâns kaem, knapte en krêke it dêr en it wie ien fjûr allegear fjûr. Sahwat in tritich jier letter is 't húske ôfbrând.
nl.verhalenbank.16129
Heit stie op in joun bûtendoar. Doe seach er 't noarden yn. Doe sei er: "Ik sjoch noch ljocht." Piersma's jonges hûs stie yn 'e brân. Hy woe der hinne, mar doe't er op healwei wie, doe seach er neat mear. "Ik ha my forsind," sei er, "it brânt net." Fjirtsjin dagen letter sloech de lôge der út. Doe is it hûs dan werklik opbrând.
nl.verhalenbank.27304
Rudolf de Mepske fan 't Faan hie minsken fêstboun oan 't ketting op 'e stâllen. Doe hied er de plaats yn 'e brân stutsen. De minsken dy't fêstboun sieten hienen hiel bot raesd. Doe sei er: "Hoor die muizen eens piepen." Letter hienen se ûnder 'e mûzen sitten. Hy hie in great nij hûs boud mei in brede gracht om 't hiele hûs hinne. Der wie in ophelbrêge by....
nl.verhalenbank.26817
Us pake en beppe wennen hjir yn dit hûs. Op in joune let leinen se op bêd, doe kaem myn omke thús. Hy gong nei 't bêd fan pake en beppe ta en sei: "Der is brân, hjir tichteby. It hûs fan Wiggele van der Veen stiet yn 'e brân." Pake en beppe kamen gau fan bêd ôf, om to sjen. Mar de beide âlde minsken seagen neat. "Sjogge jimme it dan net?" sei omke, "it is...
nl.verhalenbank.37572
It hûs oan 'e Drachtster Wei, dêr't nou Lammert v.d. Sluis wennet, njonken Ouwe van der Molen woarde in kear troch it buorwiif yn 'e brân sjoen. Sa'n twa jier letter is 't opbrând.
nl.verhalenbank.27162
35