Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: huis brand Place of Narration: Drachten
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane hat fan tofoaren in hûs yn 'e brân sjoen. Hy sei: "Dat hûs haw ik brânnen sjoen", en letter brânde it op.
nl.verhalenbank.24671
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge. Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen. Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
Yn 'e Harkema is in lytse sawntich jier lyn in arbeidershûs opbrând. Fjouwer bern binne doe yn 'e flammen omkom. Jan van Zalen hat der noch in sang fan makke. Trije dagen fan tofoaren hat Sibe Antsje (= Antsje Tabak) sjoen dat dat arbeidershûs yn 'e brân stie.
nl.verhalenbank.33156
Us Bareld komt op in joune thûs. "'k Ha hwat bileefd", sei er. "Wy stienen to praten by Jille Pultrum. Ynienen bigjint dat hûs to kreakjen en to brânnen." Steven de Meer wie by Bareld. Sy binne togeare útnaeid. 't Wienen great-jonges. De hjerstmis brânde dat hûs ôf.
nl.verhalenbank.22930
Japik van der Kooi yn de Pein (Gr.) seach yn Topweer in hûs yn 'e brân. It wie it hûs fan Wiggele van der Meer. It brânde flink. Hy giet yn 'e hûs om dit to fortellen. 't Hûs stiet yn 'e brân. Doe't er wer bûten kom, wie der neat. Mar it hat net lang mear duorre, doe is 't opbrând. 't Is wier gebeurd.
nl.verhalenbank.27493
Ik siet us in kear by alde Kei Anne (= Gerrit de Vries) yn 'e hûs to krantlêzen. 'k Wie noch in jonge. Dêr komt ynienen in hiel helle gloede, alles wurdt ljocht. Us beppe har hûs stiet yn'e brân. Sa'n trije wike letter is 't opbrând. Mar ìk hie 't al earder sjoen.
nl.verhalenbank.22928
Us heit seach froeger yn Surhústerfean in hûs yn 'e brân. Mar it brânde net yn werklikheit. Folle letter brânde it op. Hwannear't men it yn 'e foarnacht brânnen sjocht, dan duorret it mar even. Sjocht men it yn 'e neinacht brânnen, dan duorret it noch in hiel skoft foardat it echt opbrânt.
nl.verhalenbank.26051
Jan Planting, de kunstskilder fan Drachten, hie in broer. Dat wie Ruerd. Dy wie in bytsje eigenaerdich. Op in kear stie er op 'e hoeke fan 'e Langewyk en doe seach er de kant út nei Oerterp. "Hwat dochstû hjir, Ruerd?" frege ik, hwant hy stie dêr mar to sjen. Earst sei er neat, doe wie it: "Dêr komt brân." "Hwêrre?" frege ik. "Dêrre", sei er, en hy wiisde...
nl.verhalenbank.37013
35