Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: huis boer Place of Narration: Drachten
Yn 'e Rottefalle wenne Piter Scheper. Dy koe mear as in oar. Hy siet us by syn buorman yn 'e hûs en doe sei er: "Sjoch, al jou fé rint bûtendoar." 't Wie midden yn 'e winter en soks wie net mooglik. It fé stie op 'e stâl, mar de buorman seach syn fé ek tige dúdlik rinnen. Hy gong nei bûten ta, mar der wie neat to sjen. Alle fé stie op 'e stâl.
nl.verhalenbank.19678
Sytse van der Lei en Ealse Kooistra wienen togearre yn tsjinst. Se hienen beide forkearing. Ealse hie forkearing mei in nicht fan my. Hy mocht graech in buorrel. Op in kear soenen se togearre my forlof nei hûs ta. De jouns stutsen se oan. Ealse hie fiersto folle hawn. Hy die 't mâl en sei 't raer op. It gong op in razen en roppen en healwiizjen. "As der...
nl.verhalenbank.37802
Ik tsjinne yn Gaaikemaweer. 't Leit yn Grinslân, achter Niehove. Ik wenne doe by myn skoanâlden yn. Skoanheit en ik wienen arbeider by deselde boer en syn dochter wie dêr faem. It arbeidershúske dêr't wy yn wennen stie in twintich menuten geans fan 'e plaets ôf. Skoanheit krige wurden mei de boer (Tilma) en rekke lulk fuort. Doe makke ik my ek lulk, hwant...
nl.verhalenbank.19849
Greate Pier hat boer west. Hy wie ris oan 't wurk op 'e bou, hy roun achter de ploech. Doe kommen der guon, dy woenen wol fan him witte hwer't greate Pier wenne. Sy koenen him net. Doe tilde Pier de ploege op en wiisde mei dy ploege it hûs oan dêr't er yn wenne. Hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37133
Der wie in boer, dy hie nei stêd ta west. Dêr hied er beesten forkocht. Hy hie gâns sinten bard en dy sinten hied er by him. Der wied er nou mei op stap nei hûs ta. Underweis hearde de boer guon oankommen. "Deksels," tocht er, "ik mei wol om in skûlplak sjen. Ik ha safolle jild by my, as se it dêr us op munte ha." Doe lei dêr in omkearde boat yn 'e berm...
nl.verhalenbank.19968
Tinalinge is in soarte fan gehucht yn Grinslân. It leit tichte by Mensingeweer. Dêr stie in boerepleats. Dêr tsjinne in sawntich jier lyn in faem, dy hie in wyld hier yn 'e nekke. Hja koe noait in fatsoenlike feint krije omdat se sa bluistrich wie en sa wyld en alles der mar útflapte hwat har foar de mûle kaem. Op in kear doe wie 't kermis. Dêr woe se...
nl.verhalenbank.19844
35