Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: huis bed
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Ien fan sawn soannen is in wjerwolf. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. De minsken gongen hinne en stoppen 't kaeisgat ticht. De kaei waerd yn in fodtsje rolle en yn 't tafelslaed dien. De toffels kamen omkeard foar 't bêd to stean.
nl.verhalenbank.36574
Geale bakker hie altyd lêst fan nachtmerjes. Op in kear tocht er: "Nou wòl 'k fannacht wekker bliuwe. Dan sil 'k sjen dat ik har fange kin." Hy hie wekker op bêd lein. 't Duorre net lang, doe wie dêr in frommes oankaem. Dy hied er beetpakt. Hy koe har tige skoan - 't wie ien út 'e Westerein - mar hy woe net sizze hwa 't it wie. Hja wie troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.36544
Ik haw yn 't sikenhûs lein. Der lei in wyfke njonken my, dat wie in nachtmerje. Ien fan sawn dochters is in nachtmerje, sizze se, en ien fan sawn jonges is in wearwolf. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat. Sy struiden wol moal op 'e stoel dy't foar 't bêd stie, om de nachtmerje to kearen. Sy setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. De...
nl.verhalenbank.26021
In nachtmerje krijt jin mei de beide hannen by 't boarst beet. Ik ha faek ien by my hawn. Men mat de klompen omkeard foar 't bêd sette, dan komme se net, wurdt der sein. Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje. Fan 'e sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf. In wearwolf mat hwat forskuorre. In wearwolf kin troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.33138
Fan 'e 7 jonges is ien in wjerwolf. Fan 'e 7 famkes is ien in nachtmerje. In wjerwolf is ien dy't net sêd kin, dy mat altyd frette. In nachtmerje komt faek by hynders. Dan flechtet hja mei de moanjes om, dy reitsje faek yn 'e tiis. Se ride op hynders en noch leaver op fôlen. Se kinne troch de lytste gatsjes komme en geane faek troch it kaeisgat. Men mat...
nl.verhalenbank.32183
5