Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: huilen Place of Narration: Drachten
As de houtwjirms kloppen yn 't môgige hout bitsjutte dat dat der in sterfgefal kaem. As de houn spûkgûlde ek; dêr wienen âlde minsken deabinaud foar. As eksters skatteren op it hiem kaem der ek in sterfgefal.
nl.verhalenbank.37143
Us beppe hie in famke, dat wie net goed. Hja wie der skjin mei forlegen. It bern die oars neat as gûle en oangean. Hja wienen har rie skjin to'n ein en op 't lêst hellen se in duvelbanner op. Dat wie in frommeske. Hwer't se wei kom wit ik net. Dat frommes sei, sy moesten in pot mei wetter boppe de fjûrpot hingje. Dat wetter moest siede en dêr moesten se...
nl.verhalenbank.36908
Ik hie in suster, dy wie der sa min oan ta dat hja koe 't net forneare dat se de bêdsdoarkes iepen dienen. Dan bigoun se to skriemen. Der wenne tichteby in âld-minske. Dat wie in tsjoenster. Dy hie 't bern yn 'e macht. Doe krigen wy in ried fan ien: "Liz mar ris in deade kikkert del op 'e skoarstienmantel. Dan kin de tsjoenster gjin fet mear op har...
nl.verhalenbank.36909
Hinke Kaert wenne to Nijebrêge. It wie in bitûfte kaertlizter. Us Hindrik-om hat us nei har ta west. Hy woe de kaert lein ha. Hja sei tsjin him: "Dû matst aenst oer in planke, dêr komt dy ien yn 'e mjitte, dy sil dy om hwat freegje, datstû yn 'e bûse hast. Hindrik-om gnyske. Hy leaude der neat fan. Hy hie forkearing hawn mei in fanke, dat wie útrekke. Hy...
nl.verhalenbank.19734
Mem en heit ha yn Boarnburgum wenne. Heit hie altyd fan alles to keap. Sy wennen yn in blok fan acht huzen, dat hiet 'de Moune'. Sy hienen doe noch mar ien jonkje, dat is letter weirekke. Doe kom der op in joun in âld minske fan goed njoggentich jier by har. 't Wie de widdou Minke Oosterwoud. Sy frege of it lytse koopmantsje dêr wenne. Dat wie heit. "Ja,"...
nl.verhalenbank.16845
Seach ien in wylde lantearne, dan bitsjutte dat in warskôging foar in ûngelok dat op komst wie. Spoekgûlen fan hounen tsjut meast op in sterfgefal.
nl.verhalenbank.33225
Doe't ik sahwat seis à sawn jier âld wie, leinen wy us op in kear mei 't skip by de Lange Jammer to Bakkefean. De Lange Jammer dat wie in rige feanketen, dy't der nou allegear wei binne. Ik gûlde dêr alle dagen in healûre lang en yn dyselde tiid jammere ús hountsje oan ien tried wei en roan almar de warring yn 't roun. Heit sei: "Wy matte hjir wei, hwant...
nl.verhalenbank.29299
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Yn Feansterheide wenne in tsjoenster. Der wienen minsken dy hienen in poppe, dy gûlde de hiele nacht. De mem sei: "Dat docht dat âlde wiif." Doe sei de heit fan it bern: "Ik sil der achteroan." Doe gong er nei de wente fan 't âld-wiif. 't Wie yn 'e nacht. Sy siet yn 'e doar op 'e drompel. Hja hie twa katten by...
nl.verhalenbank.23500
35