Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: helmdrager uitkomen
Yn 'e Pein, dêr wenne froeger ien, dy wie mei de helm geboaren. Heit frege him us in kear: "Wite jo ek noch hwat fan 'e takomst?" "Ja," sei er, "de herberch brânt op 'e joun fan Drachtster Merke ôf." 't Kom krekt sa út. 't Wie de maitiids doe't heit him frege hie en yn 'e hjerst, krekt mei Drachtster Merke, is de herberch opbrând. (by de brêge; op itselde...
nl.verhalenbank.24607
In broer fan heit wie mei de helm geboaren. Hy seach de lykstaesjes al fan tofoaren en wist altyd as der in bigraffenis op til wie. Hy wie frijgesel en wenne yn Hantum. 't Kaem altyd nei hwat er seach.
nl.verhalenbank.37444
Yn Jistrum wenne in man, dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Heit hat dat wol faek forteld, mar ik wit de namme fan dy man net mear. Wit hoe faek gebeurde it yn 'e nacht, dat hy der út moest om sa'n bigraffenis to sjen. Hy moest der soms hiele einen om rinne. Soms koed er krekt sizze hwa't it wie, dy't yn 'e kiste lei. Dat seach er dan oan 'e...
nl.verhalenbank.31180
Op 'e wei fan Gariperheide nei Garyp hawwe se ris yn 'e nacht de lykstaesje sjoen fan in broer, dy't 14 dagen letter stoarn is. Syn beide foshynders rieden foar de wein. Dy't dat seach wie mei de helm geboaren, seinen se, dy wy heldersynde.
nl.verhalenbank.31973
Wibe Alma ^ fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. As der hwat wie woarde hy der yn 'e nacht útkloppe. Dan mòest er datselde sjen. Hwat er dan seach fortelde er letter. Dan sei er, dy en dy giet èk dea. Dat kom altyd út.
nl.verhalenbank.28602
Bontsje Keke fan 'e Westerein wie mei de helm geboaren. Syn dochter hat har yn in dobbe fordronken. Dat moest Keke fan tofoaren sjen. En syn soan hat him ophong oan in beamke foar hûs. Dat hat er ek fan tofoaren sjoen. Mar hy koe 't net keare. Hy wist dat it gebeure moest. Wit hoe faek moest hy der nachts ôf en der út. Dan waerd er dreaun nei 't tsjerkhôf...
nl.verhalenbank.30486
Hjir yn 'e Mouneein wennet in jonge, dy is nou sa'n 20 jier âld. Dy jonge sjocht soms de dea fan 'e minsken foarút. Men seit wol, sa'n ien is mei de helm geboaren. Hy hie in broerke, dat wie in mongoaltsje. Dat jonkje wie twa jier âld, doe sei dy jonge tsjin syn mem doe't dat bern jierdei wie: "Mem, dit is syn lêste jierdei." It kloppe presys. Datselde...
nl.verhalenbank.32285
Sytse Hanne wenne ek yn 'e Falom. Dy wie mei de helm geboaren. Hja seach fan tofoaren lykstaesjes, dy't der dan letter wienen. 't Kaem altiten nei.
nl.verhalenbank.30530
Mijn oom - een broer van mijn moeder - was bij mijn moeder in de kost. Die kwam eens op een avond thuis, toen vertelde hij dat hij door een lijkstoet op zijde gezet was. Mijn oom was met de helm geboren. Hij zag alles en hij wist alles. 's Nachts ging hij uit bed om lijkstaatsies te zien. Hij zei wel eens: die en die gaat er dood. Dan kwam dat uit.
nl.verhalenbank.27112
Wytse (van der Meer) en Rinskje wennen yn Burgumerheide. Wytse wie in plezierich man dy't altyd wille hie. Mar dat hâldde samar ynienen op mei Wytse. Hy woarde stil en hy seach altyd mar earnstich. Syn wyfke Rinskje frege him: "Is der hwat?" "Né," sei Wytse, "hwat soe der wêze?" Mar hy bleau altyd mar stil en earnstich. Rinskje frege al us wer en us wer,...
nl.verhalenbank.20330
Us mem fortelde, der wenne in man yn Hijum, dy wie mei de helm geboaren. Hy placht to sizzen: Der komt binnenkoart wer ien op it hôf. Hy hie de hiele lykstaesje lânskommen sjoen. Hy fortelde dan hwa't der allegear achteroan rounen, en hwer't se lâns gongen. 't Kaem altyd út.
nl.verhalenbank.30133
Yn Surhústerfean wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Hy sei, op dy en dy dei en op dy en dy ûre soe dy en dy boer stjerre. "'k Wyt noch mear", sei er. "As se de wein yn oarder meitsje sil de arbeider twa swarte hynders by de boer út it lân helje." (De boer hie wol fiif hynders) "Mar dy hynders sille net in stap gean kinne. Dan sil er in bûnt hynder...
nl.verhalenbank.24609
Op in kear sei Piter de Graaf syn frou: "Us berntsje mat nou binnenkoart nei skoalle ta. Wy matte hwat klean foar har keapje." Piter sei: "Dat hat noch wol tiid, dêr kinne wy noch wol hwat mei wachtsje." De deis dat it bern nei skoalle soe, brochten se har nei 't hôf ta. Dat hie Piter fan tofoaren al sjoen. Dêrom hied er sein: "Dat hat noch wol tiid."
nl.verhalenbank.24253
35