Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
38 datasets found
Dutch Keywords: helmdrager lijkstoet
Iense Boomsma wenne hjir op 'e Boelensloane. Hy wie mei de helm geboaren, seinen se. Hy moest alle lykstaesjes sjen.
nl.verhalenbank.32774
Jan de Wylde wenne yn 'e Rottefalle. Dy wie mei de helm geboaren. Dy seach lykstaesjes fan tofoaren. Se seinen altyd: noait midden op 'e wei rinne by joun. Jy kinne oars ris troch in lykstaesje oan kant reage wurde.
nl.verhalenbank.38662
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Dy't mei de helm geboaren is, dy mat der nachts faek út. Dan mat er lykstaesjes sjen. Der wenne sa'n man ûnder Kollumersweach, dy ha 'k wol kend. Dat wie Knjillis Veenstra. Dy seach geregeld lykstaesjes yn 'e nacht. Hy moest der soms hiele einen foar rinne, hiel Kollumersweach troch. Woed er lizzen bliuwe, dat joech him neat, hy woarde út bêd licht. Hy...
nl.verhalenbank.22969
Hindrik Pikelhearring (= H. v.d. Molen) roan us mei in man op hjir yn 'e Pein. Underweis sei er tsjin dy man: "Mast even oan kant gean, der komt in lyk oan." Dy oare die dat. In koart skoftsje dêrnei wie der in lyk. Dy Hindrik Pikelhearring wie mei de helm geboaren, dy seach altyd lykstaesjes. (dy oare dat wie ús heit. Hy sei op syn Grinslâns: Moest even...
nl.verhalenbank.26919
Moeke woonde in Hantumer Uutbuurt. Daar had se forkering met in fint. Op in avond kuijeren se togearre. Doe moesten se in weg passeare. Doe sei hy teugen Moeke: "Wacht even Tryn, ik mat even oer de sleat." Doe sei Moeke: "Wat is dat met dy?" Doe sei hy: "Der giet in lykstaesje foarby." Moeke sei niks. Doe sei se: "It is sa't is, jonge, ik meitsje 't út."...
nl.verhalenbank.32616
Sytse Rapkes wie mei de helm geboaren. Hy wenne achter yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. Deis siet er altyd yn 'e stoel doe't it in âld man wie, mar nachts moest hy der op út, hwant hy wie mei de helm geboaren. Dan switte hy der soms oer, sa seach hy der tsjin oan. Mar hy moest hwat sjen. Dat wienen dan altyd lykstaesjes dy't er to sjen krige.
nl.verhalenbank.20375
D'r was een man, die was met de helm gebore. Op een dag liep die op de dijk en toen werd ie op zij gezet door een begrafenisstoet. Hij kwam onder an de dijk terecht. Die begrafenisstoet was van een man, die pas de volgende nacht kwam te sterve.
nl.verhalenbank.72694
Hjir wienen twa, dy't mei de helm geboaren wienen: Graanstra en âlde Merk. Sy seagen nou en dan lykstaesjes.
nl.verhalenbank.20714
Hjir yn Kollumersweach wenne in man, dat wie in sikere Knjillis Veenstra. Dy wie mei de helm geboaren. Hy hat in protte sjoen, dat in oar net seach. Nachts moest hy der faek ôf. Op in kear wied er mei in kammeraet yn 'e ûngetiid achter Ljouwert. Hy moest der wer ôf om hwat to sjen. Doe tocht syn kammeraet: "Ik wol us mei him." Hy folge him, sûnder dat...
nl.verhalenbank.15778
Ik hie twa âldere bruorren. Op in joun woarde de âldste nei de winkel fan Hindrik Holthuis tastjûrd om boadskippen. Mar hy kom al gau werom. Mem sei: "Hast nou al hinne west?" "Né," sei er, "hwant de duvel sit dêr yn 'e hage." (Der wie in hage oan 'e Boskreed) Mem sei: "Hwat biweecht dy jonge - de duvel yn 'e hage." Myn oare broer sei: "Dan sil ik ris mei...
nl.verhalenbank.28771
Op 'e wei fan Gariperheide nei Garyp hawwe se ris yn 'e nacht de lykstaesje sjoen fan in broer, dy't 14 dagen letter stoarn is. Syn beide foshynders rieden foar de wein. Dy't dat seach wie mei de helm geboaren, seinen se, dy wy heldersynde.
nl.verhalenbank.31973
Myn broer Boardzer fan 'e Boelensloane is mei de helm geboaren. As jonge fan tolve jier moest er al hwat sjen. Nachts moest er der faek út. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. Dan seach er in lykstaesje passearen. Dan wist er wol hwa't it wienen. Hy hat dat nou net mear. De Heare hat him der fan forlost. Hwant it is in straf as men soks hat. Mar der...
nl.verhalenbank.20089
Mem har heit (myn pake) hie in maet, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. Hy gong der yn 'e nacht faek ôf. Pake woe net leauwe dat syn maet dan hwat seach. "Dan mast mar us mei", sei syn maet. Sy praetten ôf, as hy der wer op in nacht út moest, soed er pake wekkermeitsje en meinimme. Op in kear gebeurde dat. Togearre roannen se in eintsje de...
nl.verhalenbank.22113
Knjillis Veenstra wenne by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren. Hy moest alles sjen. Op in nacht moest hy der wer ôf. Mar it wie sok min waer, dat hy seach der bot tsjin oan en hy bleau lizzen. Mar doe kom der in beest as in greate grouwe swarte houn by syn bêd mei hiele greate gleone egen. Doe gong hy der ôf. Hy moest hiel bot rinne om op 'e Sweach to...
nl.verhalenbank.20896
Doe't ik as jonge yn Dútslân op 'e minen arbeide, wie dêr ek in sekere Tiense Boomsma. Dy wie mei de helm geboaren. Dy gong nachts fan bêd ôf. Dan seach er lykstaesjes
nl.verhalenbank.21945
Ik ha twa jier lang forkearing hawn mei in feint, dy hiet fan Oene. Dy syn broer wie mei de helm geboaren. Hy seach altyd lykstaesjes. Op in kear wied er mei oar jongfolk op 'e wei. "Even oan kant," sei er, "der komt hwat oan." Mar de oaren seagen neat en laken him út en sy bleauwen stean. Doe is ien fan har oer hynder en wein en alles hinne smiten. Hy...
nl.verhalenbank.21993
Sytse Hanne wenne ek yn 'e Falom. Dy wie mei de helm geboaren. Hja seach fan tofoaren lykstaesjes, dy't der dan letter wienen. 't Kaem altiten nei.
nl.verhalenbank.30530
Mijn oom - een broer van mijn moeder - was bij mijn moeder in de kost. Die kwam eens op een avond thuis, toen vertelde hij dat hij door een lijkstoet op zijde gezet was. Mijn oom was met de helm geboren. Hij zag alles en hij wist alles. 's Nachts ging hij uit bed om lijkstaatsies te zien. Hij zei wel eens: die en die gaat er dood. Dan kwam dat uit.
nl.verhalenbank.27112
Wibe fan Paulus Klas wenne op 'e Tike. Dy wie mei de helm geboaren. It gebeurde wol, dat er sei: "Minsken, jimme matte oan kant gean, hwant der komt in lykstaesje oan. De tsjillen fan 'e wein komme aenst tsjin jimme oan." Dan gongen se oan kant. Mar hy wie de iennige dy't it seach. Hy seach alle bigraffenissen út 'e omkriten.
nl.verhalenbank.19771
35