13 datasets found
Dutch Keywords: helmdrager Place of Narration: Drachten
Op 'e Suderdwarsfeart to Drachten wenne Joeke Spûkgûler yn 't sûkerijfabryk. Dy seach dêr dat syn eigen lykkiste ûnder 't glês troch skoud waerd. Se koenen de swaei net krije troch de gong, dêrom moest er ûnder 't glês troch. Joeke wie mei de helm geboaren. Hy fortelde dit gefal oan guon. It is krekt sa neikaem.
nl.verhalenbank.37142
Jan de Wylde wenne yn 'e Rottefalle. Dy wie mei de helm geboaren. Dy seach lykstaesjes fan tofoaren. Se seinen altyd: noait midden op 'e wei rinne by joun. Jy kinne oars ris troch in lykstaesje oan kant reage wurde.
nl.verhalenbank.38662
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Ik hie in kammeraet, dat wie Klaes. Hy wennet yn Grinzer Pein. Syn heit wie mei de helm geboaren. Dy seach alle bigraffenissen foarút. Hy koe fantofoaren sizze: dêr en dêr wurdt ien útdroegen en hy telde altyd de lju dy't achter it lyk oan roannen. Op in kear moest er nei de klaei ta to arbeidzjen. Mar de moarns dat er fuort moest, sei er: "Ik kin wol...
nl.verhalenbank.24662
Sa'n helm wie gâns sinten wurdich, seinen se froeger.
nl.verhalenbank.24663
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Piter de Graaf wenne yn de Pein. Hy is mei de helm geboaren. Hy koe op 'e dei om't ôf sizze as der ien dea gean soe. It kloppe altyd.
nl.verhalenbank.16847
Piter de Graaf (sjoch B65-443 en 445) wenne op 'e ein fan 'e Dwarsfeart. Hy wie mei de helm geboaren en moest der gauris nachts ôf. Dan seach er hwat. 't Wienen yn 'e regel lykstaesjes.
nl.verhalenbank.24815
Myn broer Hindrik, dy't to Drachten wennet, is mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.25466
Ien dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Paul Krüger wie ek kûgelfrij. Hy wie ek mei de helm geboaren en moest alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan seach er bigraffenissen. Hy wie heldersjende.
nl.verhalenbank.27499
Yn Drachten wenne froeger in man, dy wie mei de helm geboaren. Dat wie Joeke Spûkgûler. Dy sei tsjin 'e minsken: Tink der om, noait midden op 'e wei stappe, oars kinne der spûken op jim takomme.
nl.verhalenbank.36646
Yn dyselde skuorre gebeurde it earder us dat der in hiele protte minsken yn slepten. Dat kom trochdat der minsken by wienen, dy hienen har bern meinom. Der woarde doe ek al warskôge: "Tink der om, net by de wite doar sliepe!" Mar der wie ek in âld minske by de sliepers, dy wie mei de helm geboaren. Dy sei: "'t Hindert neat, ik let wol op." Dat doe kommen...
nl.verhalenbank.19706
In sekere Jager (Rustoord, Drachten (B99)) fortelt, by 't Sudertsjerkhôf to Drachten wenne froeger in âld man, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes.
nl.verhalenbank.25496
35