Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: helm nacht Place of Narration: Drachten
Oan 'e Noarderdwarsfeart wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der út as der in lykstaesje to sjen wie by nacht. Die er it net dan lei er to triljen. Hy roan soms hiele einen de mieden yn. Hy woarde dreaun.
nl.verhalenbank.36923
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Guon wurde mei de helm geboaren. As se dy helm biwarje, mat sa'n persoan der nachts út om bigraffenissen to sjen. As se de helm opbrânne is dat net it gefal.
nl.verhalenbank.23627
Yn Aldeboarn wenne in frou dy wie mei de helm geboaren. As der hwat to sjen wie moest sy der nachts altyd ôf. It hindere har bot en sy klage der faek oer. De lju seinen tsjin har: "Bliuw lizzen, minske." Mar hja sei: "Dat kin ik net." "Och", seinen se, en sy woenen it net leauwe. Doe sei se: "Jimme matte 't jim foarstelle as dat jim noadich pisje matte....
nl.verhalenbank.33157
Piter de Graaf (sjoch B65-443 en 445) wenne op 'e ein fan 'e Dwarsfeart. Hy wie mei de helm geboaren en moest der gauris nachts ôf. Dan seach er hwat. 't Wienen yn 'e regel lykstaesjes.
nl.verhalenbank.24815
Op 'e Suderdwarsfeart hjir to Drachten hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alle bigraffenissen út 'e omkriten sjen. Dêr moest er wit hoe faek om fan bêd ôf.
nl.verhalenbank.33772
Yn dyselde skuorre gebeurde it earder us dat der in hiele protte minsken yn slepten. Dat kom trochdat der minsken by wienen, dy hienen har bern meinom. Der woarde doe ek al warskôge: "Tink der om, net by de wite doar sliepe!" Mar der wie ek in âld minske by de sliepers, dy wie mei de helm geboaren. Dy sei: "'t Hindert neat, ik let wol op." Dat doe kommen...
nl.verhalenbank.19706
Piter de Graaf wie mei de helm geboaren. Hy wenne op 'e Suderdwarsfeart by de âlde sûkerfabryk. Nachts gong hy der faek op út om bigraffenissen to sjen.
nl.verhalenbank.33317
35