Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: hekserij dier
Nachtmerjes flechtsje nachts de moanjes fan 'e hynders. Dan raze de dieren it út.
nl.verhalenbank.20438
Durk Laurens kom by ús mem mei galantery-waren. 't Wie in goeije man. Us hynder hie faek lêst fan in nachtmerje. Doe sei Durk Laurens us in kear: "Hingje fannacht in seine boppe 't hynder en doch in hânfol brea yn 'e moanjes. Dan krijt it hynder fannacht de nachtmerje net." Wy ha 't dien en 't hynder hat gjin lêst hawn.
nl.verhalenbank.24272
Myn man syn heit hie in pottekar in froeger jaren. Dan gyng it hynder nachts so gruwelijk tekeer. Nachts kwam de nachtmerje. Dy flocht flechten in de manen. Dat docht se sear, segge se. Minsken hebben ook last van nachtmerjes. Een nachtmerje is een frommeske. Ik hew wel papier in 't sleutelgat doen en de toffels omkeard foar 't bed set. En duveldrek onder...
nl.verhalenbank.25087
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs. 't Binne yn 'e regel froulju, mar ek wolris manlju en soms ha se de gedaente fan in dier. As men jiske struide foar de drompel of foar it bêd, dan kommen se net, hwant dêr wienen se bang foar. Sy meije neat meinimme út in oar hûs en jiske, dat kleeft fêst.
nl.verhalenbank.24367
Der wie in boer, dy hie in hynder, dat wie nachts ôfgryslike drok. Dan skopte it en trape dat it raer wie. En moarns, op 'e stâl, roan him it swit yn stralen by de hûd del. De boer hie wol yn 'e gaten dat dat it wurk wie fan in nachtmerje. Der siet nachts in nachtmerje op it hynder. Op in nacht paste de boer op. Hy hie in ammerfol wetter klear stean....
nl.verhalenbank.24368
In nachtmerje is in frommes. Der wie in boer, dy hie in hynder. Dat dier hie alle nachten lêst fan 'e nachtmerje. Op in kear struide hy kaf oer de rêch fan 't hynder. De oare moarns siet der in frommes yn 't hok, dy struts har it kaf fan 'e klean ôf.
nl.verhalenbank.25391
Doe't ús heit in jonge wie fan in jier of sawntsjin, achttsjin, wied er by in boer yn 't wurk. Hy sliepte thús yn 't bûthús yn in bêdsté achter de kij. Moarns bitiid moest er by de boer wêze. Dan wie by 't winterdei alles noch tsjuster. Hy fortelde, dat alle moarnen, yn 'e neinacht roan der hwat oer syn boarst hinne. Dat gyng hiel fluch. 't Wie ek samar...
nl.verhalenbank.22185
Ik en myn wiif wienen us to jounpraten by in boer yn Haulerwyk. Doe fortelde dy boer ús, der wennen by in boer in greatfeint en in lytsfeint. Dy greatfeint en dy lytsfeint sliepten by elkoar yn 't selde bêdsté. Mar dy greatfeint hie in swier lot. Alle nachten om tolve ûre moest hy der ôf. Dan woarde er kloppe. Dan stie 't wite hynder foar 't bêdsdoarke en...
nl.verhalenbank.32685
8