Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: hekserij uitkomen
Als de boter niet in de karn komen wou, werd er gezegd: "De hekse zit er in." We gooiden er dan heet water in. Daarbij zei men wel eens dit rijmpje op: "Heksien, heksien, wees zo goed / En kom toe mien karntien oet." Meer weet ik er niet van.
nl.verhalenbank.43167
Hjir yn 'e Westerein wie in bern, dat rekke bitsjoend. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne ta. Dat wie de duvelbanner. It bern hie krânsen yn 't kessen en dêr sieten allegear triedden en lapkes yn dy krânsen bifrissele, dy wienen út 'e klean dy't dêr yn dat hûs troch de húsgenoaten fan dat bern droegen woarden. Wopke joech in drankje en sei: "Tink der...
nl.verhalenbank.29962
As der ien bitsjoend wie, gongen se faek nei in duvelbanner ta. Dat wie meastal Wopke fan Kûkherne. Dêr wie in frou, dy har bern wie bitsjoend. Hja wenne hjir tichte by yn 'e Westerein. In âld minske hat it ús wol forteld. Dat minske gong nei Wopke ta. Hja krige in drankje mei. Wopke sei tsjin har: "Nou matte jo aenst op jou iepenst wêze. Aenst op 'e...
nl.verhalenbank.29782
Alde Jan Bearns van der Veen wenne yn 'e Mieden by de Bûtenpostumer feart. Hy hie in bern, dat wie net goed. Doe gong er nei greate Wopke ta. Dy wenne yn Kûkherne. Wopke joech him in drank. Hy sei: "Tink der om, dû mast aenst om in peal hinne. Dan komt der in kot by dy en dy wol by dy opspringe. Dû mast om 't fleske tinke." Sûnder dat Jan der erch yn hie...
nl.verhalenbank.22761
Vroeger jaren had je hier in Baanhoek een familie wonen, nog een gegoede familie ook, die hadden een dochter van een jaar of zeventien, achttien. Die dochter werd ziek en beroerd. Ze zeiden: "Dat meisje is betoverd". Ze gingen naar de toverdokter in Gorkum en die zei hetzelfde. Hij gaf ze de raad een levende zwarte kip in een pot te koken. Wie 't eerste...
nl.verhalenbank.57776
Ien dy't bitsjoend wie hie meastal in krâns yn 't kessen. Ik ha wolris sokke krânsen sjoen. De tsjoenster makke dy krânsen. 't Wie toverjen. De krânsen brânden se op en dan moest alles goed ticht wêze. De lju gongen faek by tsjoenderij nei Wopke om in drankje. Der wie ek ien út 'e Westerein, dy gong foar syn bern nei Wopke ta. Wopke joech him in drankje...
nl.verhalenbank.30516
Tusken Hijum en Finkum leit de Iestdyk. Hjir wei yn 't earste hûs wenne in húshâlding mei in jonge. Dy jonge neamden se altyd Wâtse Klop, mar hy hiet fan Wâtse Stienstra. Op in kear wie dy jonge yn Hallum. Dêr haldde in âlde frou him oan en dat âld minske joech dy jonge in koekje. Hja sei, de jonge moest dat koekje allinne opite. Dat die dy jonge ek. Mar...
nl.verhalenbank.30113
Sibe-om, dat wie in âld-omke fan my. Hy en syn earste frou hienen togearre in bern. Dat wie har earste bern. Dat bern gûlde nachts altyd. Dat klonk sa eangstich, dat sy makken har ûngerust. Doe gong Sibe-om nei Rottefalle ta, dêr wenne Frânse Hinke, dat wie in duvelbanster. Dat minske joech him in fleske mei drank mei. Sy sei: "Dêr matte jo tige...
nl.verhalenbank.22294
Pake hie lêst fan de nachtmerje. Doe gong er nei greate Wopke ta. Dy wenne yn Kûkherne. Doe joech Wopke him in drank. Hy sei tsjin pake: "Tink der om, dat se dy de drank ûnderweis net stikken slagge." Doe sei pake: "Hwa duvel soe my dy drank stikken slaen." Doe't der in eintsje op stap wie, kom der in mynhearke oan, dy swaeide mei syn stok en rekke it...
nl.verhalenbank.22056
Op 'e Bulten wie in bern bitsjoend. De heit gong nei de duvelbander greate Wopke ta. Wopke joech in drankje mei. Hy sei: "De earste dyst moarnmoarne tsjinkomste sil dy freegje: - Hwer hast hinne west? - dy hat it bern bitsjoend." It wie Alle Tet (de frou fan Alle Wagenaar, dy't him de oare moarns it earst dêr nei frege).
nl.verhalenbank.22220
Der wie ien bitsjoend, dy wenne tusken Twizelerheide en de Westerein yn. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne ta, de duvelbander. Dy joech dy lju in drankje mei en sei: "As der jim nou aenst ien tomjitte komt, tink der dan om, dat dyselde net by de flesse komme kin. Hwant hy docht trije kear in raem op 'e flesse. Dy wol er kapot ha." Doe kaem der in kat,...
nl.verhalenbank.10687
Heit syn heit mat as jonkje bitsjoend west ha. 't Bern seach der raer út. Doe gong syn heit nei Kûkherne ta, nei de duvelbander. Wopke sei: "Ja, jonge, dû bist krekt op 'e tiid. Even letter, en dan hie 't jonkje wei west." "Hwat mankeart it bern dan?" frege Pake. "Dat siz ik net," antwurde Wopke, "mar ik sil dy in drank klear meitsje. Mar dû mast oppasse....
nl.verhalenbank.22190
35