Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
42 results
Dutch Keywords: hekserij katten heks
Tsjoensters foroaren har faek yn katten. As katten kommen se ek by elkoar to forgaderjen. Dat dienen se altyd op 'e heide. Sy psalmsongen der by.
nl.verhalenbank.22189
Tsjoensters forgaderje as katten.
nl.verhalenbank.22214
Een zwarte kat, dat was iets bijzonders. D'r liep een zwarte kat heen, dan was dat of dat te wachte.
nl.verhalenbank.125563
Melle Paulus Fennema fan Sumarreheide fortelde, by de Burgermar wie jouns in fjûr oan, dêr sieten altyd in stik of hwat katten omhinne. Doe gongen dêr us twa man fan Sumar op ôf. De iene wie Sybren Jelles. Dy woenen der mear fan wite. Doe't se der in stik hinne oan ta wienen, sei de iene (Sybren) tsjin 'e katten: "Poesje Manille, waar komt gij vandaan?"...
nl.verhalenbank.22902
Fan tsjoensters waerd altyd sein dat se har yn katten foroarje koenen.
nl.verhalenbank.31614
As katten met elkaar aan 't fechtsjen waren, sei myn grootmoeke: de tsjoensters binne 't net mei elkoar iens. As 't reinde en de sinne skynde sei se: De tsjoensters binne oan 't pankoekbakken.
nl.verhalenbank.32620
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. As katten hâlde se forgaderingen. Se ha ek us sa'n forgadering hâlden by âlde Harm v.d. Berg. Dy wennet yn Twizelerheide by de Swâdde. De katten wienen drok oan 't psalmsjongen, doe kom Harm der oan mei 't gewear. Hy hat op dy katten sketten. Se sieten yn in beam to forgaderjen en to sjongen. Ien fan 'e katten hat...
nl.verhalenbank.24841
As de katten op 'e Heide raesden, seinen de minsken: Wemel is ek wer warber. Wemel, dat wie in tsjoenster, dy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.30317
Men meldt uit Smilde: Het negenjarige zoontje van een arbeider in deze gemeente was sedert eenige maanden lijdende en kwijnde ziender oogen weg. Er waren er die oordeelden, dat eene boosaardige heks niet vreemd zou zijn aan den treurigen toestand van den knaap. Op zekeren morgen zaten niet minder dan vijf zwarte katten op de deur der schuur, terwijl nog...
nl.verhalenbank.9345
De tsjoensters hâlde nou en dan in forgadering. Dan ha se har yn katten foroare. Dêr wurdt dan wakker by song. Om 'e sawn jier matte se ien deatsjoene, oars geane se sels dea.
nl.verhalenbank.30377
Yn Burgumerheide hienen wy in buorfrou, dat wie in tsjoenster. Sy wie út 'e famylje fan Liuwe Kûper. Sy koe har sels yn in kat foroarje. Soms hâldden dy tsjoensters in forgadering. Dan wienen it katten. Yn fjirtich jier moesten se ien deatsjoene. As se dat net dienen, dan stoaren se sels. Sy hienen in forboun mei de duvel.
nl.verhalenbank.20267
Tsjoensters koenen har yn katten foroarje. Dan fleagen se by de glêzen op. As se rekke woarden mei in stok dan hie de tsjoenster de oare deis plakken oan har. Om 'e safolle jier moest de tsjoenster ien deatsjoene, oars gong se sels dea. Wie der in krâns yn 't kessen dan reizgen se nei greate Wopke ta. Dan krigen se in drank mei. Underweis sprong der hwat...
nl.verhalenbank.24641
Dat werd wel gezegd: die kat is betoverd.
nl.verhalenbank.125792
Tsjoensters foroaren har faek yn katten. Hja bitsjoenden foaral bern en makken krânsen yn 'e holkessens. It bern woarde siik en de âlders gongen nei in duvelbander ta. Frânse Hinke fan Rottefalle of greate Wopke fan Kûkherne.
nl.verhalenbank.36177
Foar tsjoensters dienen se duveldrek ûnder 'e drompels. Wie der ien bitsjoend dan gongen se nei Wopke om in drankje. In tsjoenster foroare har samar yn in swarte kat. De katten forgaderen soms. Dêr psalmsongen se by.
nl.verhalenbank.36357
Tsjoensters foroaren har yn katten. Dy hâldden forgaderingen en psalmsongen dêr by. Joech men sa'n kat in optuter, dan hie de tsjoenster de oare deis skeel.
nl.verhalenbank.36420
In fremde kat wie gauris in tsjoenster. Hwant in tsjoenster foroare harsels faek yn in kat.
nl.verhalenbank.30427
Harke Pier wie skipper. Op in kear lei er yn Kûkherne mei 't skip. Doe kamen der allegearre katten by 't skip. Harke Pier tocht: dit doocht net, dit binne tsjoensters. Hy wie oan 't jirappelskilen en doe smiet er it meske nei ien fan 'e katten. Efkes letter kaem er by de boer. Hy foun dêr syn meske by dy minsken yn 'e hûs. Hy sei tsjin 'e frou: "Dû bist...
nl.verhalenbank.31411
Was door hekserij een krans in het kussen, dan ging het kindje dood als de krans dichtging. De heks heette Joneke. Ze had veel honden en witte katten. Ze hulde zich in beddelaken.
nl.verhalenbank.46349
Wy wienen froeger altyd bang foar in swarte kat. Hwant dat koe wolris in tsjoenster wêze. Alle Tet koe har yn in kat foroarje. Sy ha in kat alris hiel bot slein, doe wie Tet de oare deis hielendal blau west om 't gesicht.
nl.verhalenbank.32745
51