Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: hekserij bed Place of Narration: Drachten
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Pake en beppe wennen op 'e Noarder Dwarsfeart. In broer fan pake, dat wie Geart Schriemer, dy wie bitsjoend. Hy wie sa siik as in houn en trille fan 'e koarts. Der wie altyd in dikke swarte kat by harren yn 'e buurt en dy hie pake yn 'e rekken. Dat wie de tsjoenster. Pake hie al in pear kear in raem op dy kat...
nl.verhalenbank.19863
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
nl.verhalenbank.11555
Guon hienen faek de nachtmerje by har. Se koenen dan krûden foar 't bêd hingje. Nou wit ik net mear hokker. De klompen moesten omkeard foar de doar stean. Dat doch ik nòch altyd. Jy koenen èk moal struije op 'e tekkens en op 't gesicht. De nachtmerje koe oeral troch en sy gong jin op it boarst sitten.
nl.verhalenbank.24676
De nachtmerjes hienen wy 't net op stean. Ien fan sawn dochters wie in nachtmerje. Sy kommen troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Sy leinen in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd, dan koe de nachtmerje net komme. Myn wiif die altyd de skuon of de klompen of de toffels achterstofoar nêst elkoar. Dan koe de nachtmerje der net yn stappe. As jy op 'e rêch leinen,...
nl.verhalenbank.22921
Yn 'e Westerein wenne yn 'e njoggentiger jierren in man, dy syn wiif gong der yn 'e nacht op út to tsjoenen. De man hie 't wol us fan oaren heard, mar hy woe 't net leauwe. Op in nacht woardde er wekker, doe wie 't wiif fuort, mar der lei in grouwe pânse njonken him. Doe smiet er dy pânse oer de flier, mar dy lei fuort wer njonken him op bêd, hyltyd wer...
nl.verhalenbank.16849
Ik en myn wiif wienen us to jounpraten by in boer yn Haulerwyk. Doe fortelde dy boer ús, der wennen by in boer in greatfeint en in lytsfeint. Dy greatfeint en dy lytsfeint sliepten by elkoar yn 't selde bêdsté. Mar dy greatfeint hie in swier lot. Alle nachten om tolve ûre moest hy der ôf. Dan woarde er kloppe. Dan stie 't wite hynder foar 't bêdsdoarke en...
nl.verhalenbank.32685
As in tsjoenster by jin komt, liz dan in stikje brea of strui hwat rogge foar 't bêd. Rogge en brea is heilich. De tsjoenster kin jin dan neat dwaen.
nl.verhalenbank.23105
35