Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: hek spookplaats nacht
By de homeije fan dokter Bontekoe wie 't net plús. De hekke gong altyd út himsels wer iepen, as men him sluten hie. Hy woe net ticht sitten bliuwe. Dat kom hjirfan, dêr gong nachts altyd in geest troch. Dy moest rûmte ha.
nl.verhalenbank.30421
Op Bennema-state to Hurdegaryp stie de hekke altyd iepen. In kloftsje fan tolve man, dy kommen hjir út 'e omkriten wei, dy woenen dêr mear fan wite. Dy gongen dêr yn 'e nacht hinne en hâldden in weddenskip. Ien foar ien dienen se de hekke ticht. Mar net sadra hie ien de hekke ticht dien of hy sprong direkt wer iepen. Deselde dy't it ús heit forteld hat...
nl.verhalenbank.31213
To Tsjommearum oan 'e âld dyk hat in slot stien. Letter stie dêr in âld boerespul, dêr't Jehannes Zwart op wenne. Dêr gong de homeije yn 'e nacht altyd fansels samar iepen.
nl.verhalenbank.22264
By âlde dokter de Boer yn Hurdegaryp - de foargonger fan dokter Bontekoe gongen de sluten hekken nachts út har sels wer iepen.
nl.verhalenbank.20263
To Hurdegaryp, by de villa fan dokter Bontekoe hat in hekke stien dy gong alle nachten fansels iepen. Sy ha him noait ticht hâlde kind, wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.32682
To Hurdegaryp wie in hekke, as se dy jouns ticht dienen, wie er de oare moarns stéfêst iepen. Dêr moat us hwat gebeurd wêze.
nl.verhalenbank.24838
Yn Idaerd dêr wenne in boer, by dy syn plaets wie in homeije dy't moarns altyd iepen stie. En dochs dienen se him jouns ticht. Sa'n hekke hat der ek yn Hurdegaryp west.
nl.verhalenbank.30974
To Hurdegaryp wie in hiem mei in hekke. Dat wie by dokter Bontekoe. Dy hekke gong yn 'e nacht altyd fansels samar iepen.
nl.verhalenbank.24900
De hekke by it slot fan âlde dokter Bontekoe yn Hurdegaryp stie altyd iepen. Die men him jouns ticht, de oare moarns stie er wer iepen. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat wol 'k us ûndersykje." Hy die de jouns de hekke ticht en hâldde dêr de wacht by. "Der mat in rare duvel komme," sei er, "dy't my hjir wer wei krijt en dy't de hekke iepen krijt." Mar...
nl.verhalenbank.22912
Oan dizze kant Ljouwert - yn Hurdegaryp - stiet in slot, in eintsje fan 'e wei ôf. De hekken fan dat slot gongen altyd fansels iepen as de klok tolve sloech. In man by ús wei, in sekere Oeds Steensma woe ris sjen as dat wol sa wie. Hy der op in joun hinne. Om tolve ûre woarde de hekke iepen draeid sûnder dat der ien to sjen wie.
nl.verhalenbank.25503
10