Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
3 datasets found
Dutch Keywords: hearke Place of Narration: Eastermar
Hearke hie in bytsje buorkerije en hy hie ek in âld hynderke. As er dan in wein fol dong laden hie en 't hynder koe de wein net út it skerngat weikrije, dan luts er de wein der sels út.
nl.verhalenbank.37618
Op in kear wie Hearke op it lân oan 't ploeijen. Doe kaem der ien by him, dy frege: "Wite jo hwer't sterke Hearke wennet?" "Jawol," sei Hearke, "sjoch, dêr wennet er." Doe stiek er de ploech foarút en wiisde nei 't hûs. "En hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.37619
Hearke wie yn Den Helder ûnder tsjinst. De tsjinst dêr hie er it mier oan en hy woe graech frij. Dêr lei in anker fan 1500 poun by de kaserne. Doe frege er de overste of er út 'e tsjinst wei mocht as er dat anker om 'e kaserne hinne tilde. Mar 't woarde him net tastien.
nl.verhalenbank.37620
35