Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op in kear hie Gerrit safolle kisten mei hintsjes op 'e karre, dat doe wie er yn Hoogkerk by Roelfsema, doe koed er eins net ûnder de hege boom troch. Mar hy kòm der noch àl ûnder troch.
Mar doe't er yn Grins kom, doe miste er Marchje, syn wiif. Dy hie boppe op 'e kisten sitten, en nou wie se dêr net mear.
Doe werom en doe hong Marchje noch oan 'e hege...
nl.verhalenbank.26824
Op 'e Feansterheide by Folkert en Klaes rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy spoeket dêr.
nl.verhalenbank.27134
Fan 'e sawn bruorren is ien in wjerwolf.
" " " susters " " " nachtmerje.
Hat men in hoefizer oan of boppe de doar hingjen, dan kin men de nachtmerje keare. Men kin ek de hoazzen of sokken krúslings foar 't bêd lizze.
nl.verhalenbank.16124
De sémearminnen swemme wylst se de lytse bern oan 'e boarsten hingjen ha. Sy gûle hwannear der stoarm op sé komt. Dan binne se alhiel yn rep en roer. As de skippers in sémearmin tsjinkomme, forgiet it skip.
nl.verhalenbank.23139