Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kom der ien dy frege him, hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke sloech it hynder foar de ploech wei en doe tilde er de ploech op mei beide hannen en hy wiisde mei de ploech en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23493
Yn Droegeham hat in man wenne dy wie ôfgryslike sterk. Dat wie Sterke Hearke. Hy woarde faek as jilddrager brûkt. Dan moest er freeds jild foar de lju nei stêd ta bringe.
Greate Pier wenne yn Kimswerd. Der kom ris ien by him doe wied er op 't lân oan 't ploeijen. Dy frege him hwer't greate Pier wenne. Pier tilde de ploech op mei ien hân. "Dêr wennet er",...
nl.verhalenbank.33224
Hearke wie ek ris in kear oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy sei, hy woe nei Sterke Hearke ta. As de ploeger him ek sizze koe hwer't dy wenne. Doe tilde Hearke de ploech mei ien hân op en hâldde him op boarsthichte en hy sei: Hjir stiet er en dêr wennet er. Mei de ploech wiisde er syn hûs oan.
nl.verhalenbank.33770
Op in kear wie Hearke yn 'e Harkema oan 't ploeijen.
Doe kom der ien by him, dy sei: "Nou mat ik by in sterke Hearke wêze, witte jo hwer't dy wennet?"
Doe krige Hearke syn ploege beet, tilde him op en stiek him rjochtút mei ien hân en sei: "Sjoch, dêr wennet Sterke Hearke."
nl.verhalenbank.26054