Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: hals nacht spoken
Op 'e Spûkeloane to Jistrum roun nachts in fôle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31196
Yn 'e Westerein, by 't spoar, hjir tichteby, by de oerwei, dêr spûken yn 'e nacht twa berntsjes om. Dy hienen reade bantsjes om 'e hals.
nl.verhalenbank.29526
Yn 'e Sumarreheide op 'e Fiifhoek, dêr spoeke it. Dêr doarsten de minsken yn 'e nacht net komme. Op 'e Pasterijelânnen spoeke it ek. Op 'e Brandsma-loane to Garyp roun in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.32116
By de spoarbrêge spoeken twa lytse famkes, mei reade strinkjes om 'e hals. Dy binne dêr by nacht wol faek sjoen woarn. Guon doarsten dêr net hinne to fiskjen fanwege dy beide famkes.
nl.verhalenbank.29772
Op it Jan Krols loantsje to Burgum roan nachts in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21265
By 't spoar yn 'e Westerein wie in greate bult. Ut dy bult kamen nachts in pear famkes mei reade doekjes om 'e hals, dy spoeken dêr om. Dy famkes wienen dêr formoarde woarn. Se hienen har de hals útsnien en nou koenen se net rêste. Hja sweven oer de spoarbrêge hinne en sa gongen se by 't spoar lâns en werom. Guon ha har dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.38154
Jelle van der Wal dat wie myn pake. Dêr bin ik nei neamd. Us mem hat faek oer him forteld. Op in kear doe wied er yn 'e Feanwâldster bosk. 't Wie yn 'e nacht. Doe seach er dêr twa neakene famkes. Dy dânsen om in beam hinne. It wie krekt as roan der bloed fan 'e hals nei 't boarst ta. Pake woe der op út dat dy famkes dêr formoarde wêze soenen.
nl.verhalenbank.21466
7