143 results
Dutch Keywords: hals
Op 'e Swarte Wei yn Eastemar roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.19789
Yn 'e Westerein, by 't spoar, hjir tichteby, by de oerwei, dêr spûken yn 'e nacht twa berntsjes om. Dy hienen reade bantsjes om 'e hals.
nl.verhalenbank.29526
Yn Stiensgea rint in fôlle om mei in brijpot om 'e hals, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.19872
By de Heale Wei rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21867
By de Heale Wei, seinen se, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21876
Op 'e Sumarreheide roun in fôle mei in brijpot om 'e nekke en ek op 't Lútsensloantsje ûnder Garyp.
nl.verhalenbank.31640
Op 'e Sweager lânnen rint in fôlle om mei in brijpot om 'e hals, dêr't in sleef yn sit.
nl.verhalenbank.20510
Op 't Heideloantsje yn Twizelerheide roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Soms roan der ek wol us in grouwe, swarte houn.
nl.verhalenbank.22684
By de Simmerdyk oan 'e Klaes Piersreed (Burgumerheide) roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Der siet gjin sleef yn 'e brijpot.
nl.verhalenbank.20333
Yn Garyp, tusken de Sumarrehoeke en it eigenlike doarp spoeke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20278
By 't Spûkeloantsje by de Langeastloane to Eastemar rint altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals neffens it sizzen. As jo dy fôlle yn 'e wei rinne wurde jo oerside set. Ek op 'e Mûzegroppewei rint sa'n fôlle mei in brijpot, en ek op 'e Drifte.
nl.verhalenbank.28807
By de Parsingel to Eastemar roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20490
By de Boppewei yn 'e Westerein spokje twa famkes, mei in read doekje om 'e hals. Der wurdt forteld, dat dy beide famkes dêr formoarde binne.
nl.verhalenbank.30481
By de spoarbrêge spoeken twa lytse famkes, mei reade strinkjes om 'e hals. Dy binne dêr by nacht wol faek sjoen woarn. Guon doarsten dêr net hinne to fiskjen fanwege dy beide famkes.
nl.verhalenbank.29772
Us heit en dy wienen oan 't wurk by in boer yn Eastemar. Sy slepten dêr ek. De boer sei, as se hwat seagen yn 'e nacht, dan moesten se net bang wurde. Heit woe fan 'e boer wite hoe let dat wie en hwer't it gebeurde. De boer fortelde it him. Doe tocht heit: "Ik wòl 't sjen." En hy frege de Heare of dy it him sjen litte woe. Dy nachts stie heit foar 't...
nl.verhalenbank.18121
Op 'e ein fan 'e Boelensloane, tichte by 't Blauhûs, wie froeger in paed mei houtsjes. Dêr spûke it altyd. In soad minsken ha dêr hwat sjoen. Dêr kom samar in hiele greate man út 'e sleat wei stappen mei wol sokke egen yn 'e holle (as thékopkes). Dy roan gewoan mei de minsken op en dan wie er ek samar ynienen wer wei. Ek wolris dat der in baerch mei har...
nl.verhalenbank.24903
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema spoeket in baerch mei in brijpot om 'e hals. Ek is dêr in keardel dy't alhiel trochljochte is; in gleone keardel. Dy rint dêr om. Se seinen dat dat de duvel wie. Fan Readskuorre oan 'e Smoarhoeke ta roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.17545
Op 'e Rysloane tusken Bomkleaster en de Harkema spoeke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.37236
Yn Boarnburgum spoeke in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.25674
Op 'e Iest yn Jistrum roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20875
146