Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: groot Place of Narration: Harkema
Tusken Tije en Janke en Bram Spinder roan nachts tusken tolven en ienen altyd in pleachbeest. 't Wie in grouwe, swarte houn, sa 't it like. De âlden doarsten dêr net lâns by nacht.
nl.verhalenbank.22224
By de grouwe beam yn 'e Harkema spoeket it. Sy ha dêr fan alles sjoen: in wite juffer, dy't ek samar wer wei woarde, en dêr't de minsken allerheislikste kjel fan woarden; in lyts katsje, dat ek samar wer wei woarde; in greate, swarte houn.
nl.verhalenbank.22094
By de greate ikebeam hat froeger in dobke west. Dêr kom nachts altyd hwat út, dat hjir en dêr omroan en dan fansels weiwaerd.
nl.verhalenbank.19350
Tsjin it hûs oer dêr't wy earder wenne ha - tichte by de brêge - hâldde in great spoek ta. It wie sa grou en swier, dat se ha it pakt en mei fjouwer hynders foar de wein nei de Surhústerfeanster petgatten brocht. Dêr ha se him yn 'e feangatten forsûpt.
nl.verhalenbank.21323
De Liuwepoel is ûnwittende djip. Sy ha him wolris bidjipje wold, mar doe't se op sawntsjin foet wienen koenen se noch gjin groun krije. Der sit hwat yn 'e Liuwepoel. Net in roer fan in boat, dy't safolle lawaei meitsje kin. 't Hiele wetter is soms yn biweging by stil waer. It mat in greate fisk of in munster wêze, dy't der yn tahâldt. Der mat ek noch ien...
nl.verhalenbank.22205
Myn soan Earde Schippers wennet nou by Surhústerfean oan 'e Vierhuisterweg. Mar hy wie doe noch net troud, doe wenne er noch by ús yn 'e Harkema. Hy hie us op in joun nei de faem ta west. Hy kaem èk by Willem Hofstede lâns en de skeane tippe groun. Doe seach er dêr midden yn 'e nacht in hiel great fjûr mei stiennen yn 't fjouwerkant dêr om hinne. Krekt as...
nl.verhalenbank.22194
6