Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
24 datasets found
Dutch Keywords: grond Place of Narration: Harkema
Yn in âld hûs oan 'e Mûzegroppewei wennen de Batema's. Bate hat dêr earst syn dochter deaslein en doe hat er himsels fan kant brocht. It hûs stiet der nou net mear, mar der wurdt sein dat se it bloed noait wer út 'e flier krije kind ha. Dat kom der altyd wer yn.
nl.verhalenbank.15901
Twa bruorren: Piter en Knjillis Alma fan 'e Harkema hienen ris op in nacht to murdzjen west. De hounen hienen se by har. Dy hounen hienen foet hawn fan in murd. Dy hounen wienen jammerjend wer op har ynkom, sa bang hienen se west. Doe hienen Piter en Knjillis sein: "Hwat mankeart dy hounen?" Sy waerden sels ek in bytsje bang. Doe sei de iene: "Sjoch dêr...
nl.verhalenbank.29352
Imke de Jong reizge as gûchelder op 'e merken. Op Hamster Merke hat er Tseard van Dekken in skoft stean litten. Dy koe net in kant út. Net earder as doe't Imke sei: "Kom dêr nou mar wer wei."
nl.verhalenbank.28919
Wibe Alma siet in kear yn 'e gefangenis. Dêr hat er wol folle faker yn sitten. Hy moest trouwe mei Griet, mar dy woed er net ha. Doe't er syn tiid yn 'e gefangenis útsitten hie, kom er thús. Doe seach er Griet yn 'e hûs stean. Tominsten dat miende er. Hy soe har in lawibes jaen, hwant hy woe har net ha. Hy kom op har ta en sei: "Bistû dat, Griet?" Mar doe...
nl.verhalenbank.21451
Der wie in feint yn 'e Harkema, dy kom by de faem. It wie sahwat tolwe ûre, doe kuijeren se togearre. Doe seagen se twa famkes dy't elkoar yn 'e earm hienen. Se wienen sprekend gelyk yn 'e klean. Se roannen foar it pearke op. "Hwat matte dy hjir?", sei de feint. "Wy gean se nei." De beide famkes roannen oan in daem ta. Dêr gongen se samar ta de groun yn....
nl.verhalenbank.17450
Reid Keuning fan Koatstertille koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Dy marsjearden dan moai de flier oer.
nl.verhalenbank.15872
Der wienen in feint en in faem, Sake en Hylk, dy wennen yn 'e Harkema. Se wienen oan 't kuijerjen. 't Wie moai waer op 'e joun. Doe kommen der twa famkes oan, dy wienen beide gelyk yn 'e klean en ek like great. Sy gongen har foarby. "Ik wol us sjen, hwer't dy famkes bliuwe", sei Hylk. De famkes gongen oan 'e daem ta. Even fierder woarden se wei, krekt as...
nl.verhalenbank.16878
Ierdmantsjes leve ûnder 'e groun, wurdt der sein. As men in peal yn 'e groun slacht en it wol net, dan seit men wol: "de ierdmantsjes hâlde him tsjin."
nl.verhalenbank.31547
Hearke hat ek ûnder tsjinst west. Der lei achter de kaserne in anker, dat woech fjirtsjinhûndert poun. Dat lichte Hearke in ein fan 'e groun. Mar doe hied er de skuon 'ut 'e naden hawn. Hy hat de overste frege of er frij mocht fan 'e tsjinst. Dan soed er dat anker om 'e hiele kaserne hinne tille. Mar dat mocht net.
nl.verhalenbank.25912
In oare omke fan my hie us nei de froulju ta west yn Droegeham. Op 'e weromreis gong er de krúswei del. Dêr op 'e Krúswei siet midden op 't paed in âld wyfke to kofjemeallen. 't Wie yn 'e neinacht. Doe sei omke tsjin 't âld-wyfke: "Hwat sitstû to meallen? Gean dêr wei!" Doe kom 't âld-wyfke oerein. Mar doe wie 't in hiel great frommes. Sy kom op omke ta....
nl.verhalenbank.19556
Ierdmantsjes wenje yn 'e groun, mar nachts komme se ta de groun út. Dan dogge se wurk foar de minsken. Se wenje ek wol yn hurddobben.
nl.verhalenbank.16856
Oan 'e Nije Wei yn 'e Harkema wenne in arbeider, dy moest alle moarnen bitiid nei de boer ta, dy't op 't Wytfean wenne. Hy moest dan ien stikje lân troch om op 'e wei to kommen. Hy roan oan diz'kant in dyk. Doe wie der op in moarn oan 'e oare kant de dyk in grouwe keardel west. Dy roan like hurd as híj roan. Hy wie hyltyd njonken him bleaun. En hy hie...
nl.verhalenbank.19361
Tseard van Dekken wie us in kear op Hamstermerke. Doe stuts er ien hiel bot de gek oan. Dat wie Imke de Jong. Doe liet Imke de Jong him stean. Dat hat wol in healûre duorre. Al dy tiid koe Tseard net fan 't plak komme. Tseard wie doe plysje.
nl.verhalenbank.28590
Sterke Hearke: It hie bot stoarme. Doe lei der in grouwe beam dwars oer de wei, dy wie dear troch de stoarm tolânne kom. Hy lei elkenien yn 'e wei, hwant net in minske koe der mei de wein lâns. En net ien dy't dy beam dear wei krije koe. Doe kom Hearke der oan mei hynder en wein. Hy moest der sels ek lâns. Doe hat Hearke allinne dy grouwe beam dear wei...
nl.verhalenbank.15615
Op 'e Mûzegroppewei hat Sytse Bates syn dochter formoarde. It bloed ha se noait út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.28594
Der wie ris in faem, dy tsjinne by de boer. Dêr wie ek in soan yn 'e hûs. Op in joun sil se mei de soan to ôfljochtsjen. Hja hat in kears yn 'e hân. Dan komt der in wynpûster oan en de kears giet út. De faem jowt in gjalp, mar de feint laket har út. Dy faem hie forkearing hawn mei ien, dy wie stoarn, dy lei op 't tsjerkhôf. Hwat bistû in bangskiter, seit...
nl.verhalenbank.28812
Op in kear doe moest Hearke sekken fol sie nei de souder bringe. Hearke die syn wurk bidaerd-wei en dat gong de boer net fluch genôch. "Ik kin wol oars, hear", sei Hearke, en doe smiet er de sekken mei sied samar fan 'e groun op 'e koesouder. Mar dat koe net, hwant doe barstten de sekken.
nl.verhalenbank.28555
Ierdmantsjes wennen yn 'e groun. Sy smookten út lytse wite kalkene pypkes: ierdmanpypkes.
nl.verhalenbank.19549
Oan 'e Mûzegroppe, ûnder Rottefalle is froeger ris in moard gebeurd. 't Wie Sytse Bates, dy hie syn dochter de hals útsnien en doe hat er himsels ek noch fan kant makke. De bloedplakken woenen letter noait wer út 'e muorre en de flier wei.
nl.verhalenbank.32754
Ymke de Jong wie ris op Hamstermerke. Dêr hat er de plysje Tseard van Dekken stean litten. Under tsjinst hat er dat ek ris dien mei in luitnant. Dy hie him útmakke. "Luitenant, sta stil", sei er. Doe hie dy luitenant net in foet mear forsette kind.
nl.verhalenbank.26251
35