Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: graf Place of Narration: Harkema
Alde Knjillis Sytske har mem Tryntsje hie nei Jan Goaitsens ta west om molke. Doe't se oan 't âld tsjerkhôf ta wie, woarde se samar ynienen yn 'e sleat set. Alle molke wie fuort. Der mat in lykstaesje west ha, dy't se net sjen koe.
nl.verhalenbank.15903
It wie froeger it gebrûk yn 'e Harkema dat de forstoarne mei in wyt lekken biklaeid woarde. Mar der moest altyd in stik ôfskuord wurde, omdat it oars to lang wie. It lekken mocht net fierder as oan 'e ankels takomme. Dat hâldde forbân mei de wederopstanding. Mei in to lang lekken koe men ommers stroffelje. It is us gebeurd, doe hienen se in minske al yn...
nl.verhalenbank.21293
De bonken yn 'e bientsjekou. Der wenne ergens in jongfeint, dy wie net gau bang. Hy wedde mei it jongfolk, hy soe op dy en dy joun let nei 't tsjerkhôf en in deabonke út 'e bientsjekou helje. Dat wie dus ôfpraet. Mar de koster, dy't der fan ôfwiste, forskûle him achter de bonken. Hy hie in wyt lekken om him hinne dien. De jonge pakte in bonke. Doe sei de...
nl.verhalenbank.20827
Alde Bartele Vries fan 'e Hamster Pein koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dan bigongen se moai to marsjearen troch de keamer hinne. Hy liet de hynders yn 'e stâl dânsje. Ik wie sa'n jonge, doe't er dat die. Op 't Bomkleaster leit er op 't hôf. Hy hat in glês yn 'e kiste. Dat hie doe noch net in minske. Hy leit mei 't gesicht nei de plaets ta,...
nl.verhalenbank.33092
Edzer Sint dat wie myn pake. Hy praette omstrûpt, dat hat er al syn libben dien. Op in kear wied er ergens oan 't wurk mei Aen klokje. Aen hat it letter forteld. Dû net wytste hwat ik wol, sei er. Né, sei Aen, hoe soe ik dat wite kinne, jong. Ik om in buorrel wol. Hast dan wol sinten? Ikke gjin sinten gebrek ha. Doe liet er in ponge mei sinten sjen, it...
nl.verhalenbank.15899
As in bern syn mem slacht, falle him de hannen ôf. Of de hân groeit letter ta 't graef út. As jy op snein in knoop oan 'e jas naeije, dan kin men net stjerre. Aste op snein neilknipste, groeije de neilen net wer. Ek wol: dan mast alle ôfknipte neils nei dyn dead byelkoar sykje.
nl.verhalenbank.28700
Piter Simens Kloosterman wie in boer. Dy wenne op 't Kleaster. Hy hie bigeard, hy woe steande bigroeven wurde. Dan koe er it lân oersjen. Mar sy dienen it net. Doe kom er werom. Hy kloppe by syn folk oan 'e doar. In pear kearen ha se him sjoen. Doe ha se der in dûmny by helle. Dy hat him oansprutsen en frege, hwat syn bigearte wie. Doe ha se nei 't graef...
nl.verhalenbank.20677
By de greate ikebeam hat froeger in dobke west. Dêr kom nachts altyd hwat út, dat hjir en dêr omroan en dan fansels weiwaerd.
nl.verhalenbank.19350
Trije manlju binne us in kear op in joun dronken fan 't Jachtfjild út 'e kroech kom. Doe't se oan 't lytse tsjerkhôf (it earme-tsjerkhôf, oan 'e beton-wei) ta wienen, gongen se dêrhinne. Sy gongen dêr sitten en lizzen. En doe ha se 't dêr raer opsein, dat men 't hast net wer fortelle doart. Alle de Haan wie der ek by. Ien sloech mei de jeneverflesse op 'e...
nl.verhalenbank.22306
Der wie ris in faem, dy tsjinne by de boer. Dêr wie ek in soan yn 'e hûs. Op in joun sil se mei de soan to ôfljochtsjen. Hja hat in kears yn 'e hân. Dan komt der in wynpûster oan en de kears giet út. De faem jowt in gjalp, mar de feint laket har út. Dy faem hie forkearing hawn mei ien, dy wie stoarn, dy lei op 't tsjerkhôf. Hwat bistû in bangskiter, seit...
nl.verhalenbank.28812
Op in saterdeijoune kom Douwe by de faem wei. It wie sahwat om ien ûre yn 'e nacht. 't Gebeurde hjir mar in eintsje fan ús ôf, in jier of fiif lyn. Hy moest it hûs fan Anne Hoeksma passeare, dêr't it wiif fan yn forwachting wie. Krekt even fierder by in skerpe bocht woardde er oerside set. Hy tocht: Hwat is dit? Hwant der wie abslút neat to sjen. En syn...
nl.verhalenbank.15883
35