Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: gooien Place of Narration: Eastermar
Alle Tet sutele mei potten en pannen yn in kroade. Sy hat har al ris yn in skiep foroare. 't Is ek al ris gebeurd doe ha se in kat smiten mei in stien. Doe hie Alle Tet de oare deis in blau plak oan har.
nl.verhalenbank.12277
Boele en Baeije wennen oan 'e Skûlenburchster feart, tichte by de Hege Draei. Boele (Kuipers) wie in nuver man. Hy koe 't raer opsizze en 't wie slim sa't er spotte. Op in kear hat de duvel him ris topakken krige en dy hat him sa'n ein smiten, omtrint oan hûs ta.
nl.verhalenbank.29318
Us heit fortelde ek, dat hy hie forkearing hawn mei in faem yn Twizelerheide. Hy roan dan oer de Iest to Jistrum en dan gong er it Wyldpaed del. Op 'e weromreis, op 'e Iest, by de yngong fan 'e Spûkeloane (in stikje fan 'e âlde forbiningswei Ljouwert-Grins) hong altyd in wyt frommes oer de hekke hinne, fortelde er. Hy hie wolris mei in stien nei har...
nl.verhalenbank.28372
In mynhear kuijere de wei del. Hy kom by in brêge, dêr stie in jonkje. Dat jonkje gûlde hiel bot, hy snokte it út. De mynhear sei: "Hwat skeelt der oan mei dy?" It jonkje sei: "Sy ha myn stik bôlle yn 'e feart smiten." "Och hea," sei de mynhear, "wie dat mei opset?" "Né," snokte it jonkje, "mei leverwoarst."
nl.verhalenbank.33830
As ien froeger dronken de Swarte Wei lâns kom, dan stie dêr ien en dy smiet him. Dat wie de kweade.
nl.verhalenbank.20888
Yn 'e Harkema wenne in timmerman, dy kom fan 't wurk. Der kom him in frommes achternei. Dy skopte him tsjin 'e fuotten oan. "Hwat wolle jo, frou, ik ha wol ien", sei de timmerman. Doe woarde er in hiel ein fuortsmiten. It iene stik ark fleach hjir hinne, it oare dêr. Doe't er wer oerein kom, woarde er noch us smiten.
nl.verhalenbank.23659
In muoike fan my - ek in skipperske hie op in joun in swarte kat oan board. Hja leinen by de draei yn Eastemar. Dy kat roun hyltyd mar wer foar 't skúfke fan it durkslûk lâns. Doe hat muoike dy kat pakt en him tsjin 'e peallen fan 'e draei oansmiten. De oare moarns roun dêr in âld minske, dat dêr wenne, mei de hân yn 'e doek.
nl.verhalenbank.31908
It gebeurde wol dat in deade al syn lykklean net meikrige yn 'e kiste. Dan kom de deade wer. Dan kom syn hân om 't hoekje fan 'e doar en dan sei er mei in raer hol lûd, hwat er ha moest. Se moesten dat him dan tasmite, net oerjaen, hwant dat wie net fortroud. As se dat dien hienen, krigen se der gjin lêst wer fan.
nl.verhalenbank.12524
Sterke Hearke hat arbeider west by de mounder op Koatstertille. Hwannear't der sekken sied omheech brocht wurde moesten tilde Hearke dy net by de leider op, mar hy smiet se sa fan 'e groun op 'e souder. Sa sterk wied er.
nl.verhalenbank.37616
35