Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
32 datasets found
Dutch Keywords: gooien vangen
Op it Barrahûs hat Kramer wenne. Dy hat my forteld, dat de boeren koenen soldaten krije fan 'e stêd, as se har net fortrouden. Dy koenen se hiere. Sa mat in froegere boer fan 't Barrahûs ek in kear in soldaet hawn ha. Hwant it gebeurde dat dêr ien kom, dy't se net fortrouden. Dy persoan wie klaeid as in frommeske. Dy persoan woe dêr sliepe. Doe lieten se...
nl.verhalenbank.27224
Yn 'e buert fan Ljouwert hat in herberch stien, dêr koenen de lju oernachtsje. Doe kom der ris in keardel yn frouljusklean, dat wie de lieder fan in roversbinde. Mar sy ha him ûntmaskere. Doe't de kastlein de saek net rjocht fortroude, smiet er syn gasten in apel ta. Deselde dy't foar in frommes trochgean moest, sloech de knibbels nei elkoar ta wylst er...
nl.verhalenbank.28716
Doe't ik in jonge wie, wie it noch wol us ûnfeilich, as men iensum wenne. Der wie in âld boer, dy sei: As der us fremd folk komt dat ûnderdak ha wol dan kin der wol us in man tusken wêze dy't frouljusklean oan hat. As men dêr wis fan wêze wol giet men hinne en smyt sa'nien in apel ta. Is 't in frommes, dan slacht se de skonken fan inoar. Is 't in man, dan...
nl.verhalenbank.18170
Achter Kollum kamen ris op in joun twa rovers, dy't der op út wienen om âlde minsken to formoardzjen en to biroven. Hja kamen by in âlde boer en fregen of se dêr ûnderdak krije koenen. De âlde boer sei: "Jimme kinne hjir wol bliuwe fannacht." Even letter kamen der twa dragonders op hynders. Dy woenen ek graech ûnderdak ha. Dat koe ek gebeure, de âld boer...
nl.verhalenbank.37384
Om te weten te komen of men met een man of met een vrouw te maken heeft, moet men zo iemand iets toegooien terwijl hij op de stoel zit. Knikt hij de knieën tegen elkaar, dan is het een man.
nl.verhalenbank.23085
Yn 'e Westerein wie in nachtmerje. 't Wie in frommeske. Dat woarde fangd trochdat se kaf of moal oan har krige.
nl.verhalenbank.21916
Op it Barrahûs achter Ljouwert kom us in kear in frou, mar it wie yn werklikheit in keardel yn frouljusklean. Doe smieten se har in apel ta en dy heinde se op wylst se de knibbels tsjin elkoar oan smiet. Doe wisten se dat it in keardel wie. Sy fortrouden him net.
nl.verhalenbank.27037
Der wie in stroper, dy hie op in snein-to-moarns ûnderweis nei tsjerke in ein fangd. Hy die him ûnder 'e jas en sa kom er yn tsjerke. De doomny hie ta tekstwurd: Ik zie hem. De stroper tocht: O blinder, hy sjocht myn ein. Doe die er in knoop fan 'e jas fêst. Even letter sei de doomny wer: Ik zie hem. Doe die de stroper nòch in knoop fan 'e jas fêst. Wer...
nl.verhalenbank.23721
By deselde boer wie Hearke mei in arbeider oan 't siedsjouwen. Dat sied moest yn baeltsjes nei de siedsouder sjoud wurde; Hearke moest dan de hiele mjilling earst delrinne. Hearke krige syn nocht fan dat rinnen en sei: "Gean dû ris op 'e siedsouder stean, dan smyt ik dy de sekken sied ta." Dat ha se dien en Hearke hie doe it sied yn in omsjoch toplak.
nl.verhalenbank.20139
By Lutsjewâld stiet in âld pleats mei in great apelhôf. Dy pleats, dat wie froeger ek tagelyk in herberch. Dêr kommen altyd guon to oernachtsjen. Dêr wie in hiele greate keamer, dêr sieten se jouns meielkoar yn. De froulju slepten foar, de manlju achter. Doe wie der ek ris ien kom, dat wie in man yn frouljusklean. Dy moest dus fóár sliepe, dy koe net by...
nl.verhalenbank.26950
It Barrahûs is in boereplaets, tichte by Ljouwert. Dêr kom ris op in joun in frou by de doar. "Kin ik hjir ek oernachtsje?" frege se. "Jawol", sei de boer. In skoft letter kaem der in soldaet by de doar. Dy frege ek of er dêr sliepe koe. "Jawol", sei de boer. Doe sieten se by elkoar. De soldaet seach ris nei dat frommes en doe tocht er sa: "Dû bist in...
nl.verhalenbank.38588
Yn it boek 'Frans Schreur van Loppersum' wurdt de heinproef biskreaun. Frans Schreur is in ketter. Der komt in roomse pryster by him yn frouljusklean. Sy smite dy pryster in apel ta en dan slacht er de skonken nei elkoar ta. Dat is 't biwiis, dat it in man is.
nl.verhalenbank.18113
As se útmeitsje woenen as se mei in man of in frommes to rêdden hienen gongen se froeger hinne en smyt sa'n ien in apel ta. Sloech de heinder de fuotten útelkoar by 't opheinen, dan wie 't in frommes, sloech er de knibbels nei elkoar ta, dan wie't in mankeardel.
nl.verhalenbank.27337
Der kaem ris in as frou forklaeide keardel op in joun by in boer. "Kin ik hjir oernachtsje?" frege dy. De boer liet har der yn, mar hy fortroude 't net. Hy sei tsjin 'e feint: "Net fuortgean dû. Smyt dû m aenst hwat nuten ta." Dat hat dy feint dien. Doe heinde dat frommes de nuten op wylst hja de knibbels tsjin elkoar oan klapte. Doe wie 't biwezen dat it...
nl.verhalenbank.36944
Jurjen van der Leest fortelde dat in kaptein op sé hie ris in sémearmin fangd. 't Wie in moai frommis mei in fiskesturt. Hy krige har oan board, mar doe gong it der de jouns op sé sa bot oan wei, dat it like der op as soe it skip forgean. Doe hat er har mar gau wer yn sé litten.
nl.verhalenbank.31809
Myn pake Sieds Leerstra wenne by de boer. 't Wie yn 'e Harkema. Doe kaem dêr us op in joun in frommes, dat woe dêr graech oernachtsje. Doe sei us pake tsjin 'e boer: "'t Is net in frommes, 't is in keardel." "Dat kinstû wol sizze," sei de boer, "mar hoe wurde wy dat gewaer?" "Jo matte ús in apel tasmite," sei pake, "dan fornimme jo 't wol." Doe smiet er...
nl.verhalenbank.21398
't Wie op in jountiid op in boerespul. 't Wie min waer en 't reinde dat it spielde. Doe kom der in frommes by de doar, dy woe dêr graech sliepe. Sy koe ûnmooglik fierder mei sok waer. Dat wie goed. Mar doe't se in skoftsje yn 'e hûs sitten hie, stie de boer it net rjocht. Hy tocht: dit kin wolris in manspersoan wêze. Doe smiet er har in apel ta. En dy...
nl.verhalenbank.23563
Woe men froeger wite of men mei in man of mei in frou to dwaen hie dan liet men sa'n ien op 'e stoel sitte en smiet him hwat ta op 'e knibbels. Sloech er de knibbels tsjin elkoar oan, dan wie 't in man. Die er de fan elkoar dan wie 't in frou.
nl.verhalenbank.36769
teltsje: Der wie us in fisker, dy wie nei de rivier ta gong om to fiskjen. Mar it woe net rjocht bite. Op it lêst, ja hear, doe krige er byt. Mar doe't er ophelle, brocht er in âld tsjettel nei boven ta. Dy tsjettel smiet er by him del en it sin wie der net better op woarn. In skoft letter hied er wer hwat oan 'e angel. Mar doe wie 't in âld sek. De...
nl.verhalenbank.17610
Der wenne in man yn Jistrum, dy sûpte altyd sa. En dan brûkte hy der rare wurden by. Doe seinen syn maten tsjin him: "Jonge, dêr mast mei ophâlde." Mar doe flokte hy noch folle mear. Doe seinen se tsjin him: "As de âlde duvel dy tsjin komt, silst wol oars prate." "Dan siz ik gewoan 'goeijenavond' tsjin 'e duvel", sei er. "En as er dan neat seit, sil 'k...
nl.verhalenbank.38356
35