Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: gooien nacht Place of Narration: Drachten
Myn heit wie timmerman. Der kom us in neef fan my, in sekere Aelsen Booi, by heit. "Hwat is 't der fannacht oan wei gong," sei er, "ik hearde de sage en se smieten mei stiennen de hiele nacht troch. Ik koe der net fan yn 'e sliep komme. 't Wie hjir flak achter." Heit woe 't net leauwe, mar in healjier letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.23483
Op in snein-to-moarn wie 't jongfolk fan 'e Westerein by de Swâdde oan 't piksjitten en sintsjesmiten. Dat dienen se dêr wol folle faker op snein-to-moarn. Doe kom dêr in hiele greate houn lâns, hast sa great as in koe. Dy reage alles út elkoar. It wie de kweade. Sy makken allegear hurd dat se thús kommen.
nl.verhalenbank.19318
Der wienen ris in mennich kabouters, dy holpen yn 'e nacht de minsken altyd. 't Koe neat skele hwat wurk men har foarlei, de oare deis wie 't karwei bisljochte. Elkenien hie der profyt fan. Mar der libbe in boer, dy woe dy kabouters ris in loer draeije. Hy smiet in sekfol griene earten yn in skerpe hage. Dy moesten de kabouters dy nachts der út helje. Sy...
nl.verhalenbank.33039
Myn broer wie in great jonge. Mei syn maten wied er op in nacht oan 't hôfkesjongen. 't Wie yn in great hôf dêr't se wienen, mar dêr stie mar in lyts húske by. Doe hearden se dêr samar midden yn 'e nacht lûden krekt as waerd dêr mei balken smiten en waerden der dongposten delgoaid. En der wie neat! Letter ha se op dat plak in greate plaets boud.
nl.verhalenbank.36902
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Yn Feansterheide wenne in tsjoenster. Der wienen minsken dy hienen in poppe, dy gûlde de hiele nacht. De mem sei: "Dat docht dat âlde wiif." Doe sei de heit fan it bern: "Ik sil der achteroan." Doe gong er nei de wente fan 't âld-wiif. 't Wie yn 'e nacht. Sy siet yn 'e doar op 'e drompel. Hja hie twa katten by...
nl.verhalenbank.23500
35