Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: goochelen Place of Narration: Harkema
Ymke de Jong wie gûchelder. Hy koe ien stom meitsje. Se ha him ûnder tsjinst op in joun yn in kast opsluten mei de fuotten boeid. De oare moarns woarde der appèl blaesd. Ymke forskynde kreas en netsjes. Op it lêst ha se him fuortjage.
nl.verhalenbank.23669
Op in kear doe krige er in swierdere straf. Doe woarde er 'krom gesloten'. Dat wie mei de fuotten krúst yn 't ket, de fuotten geboeid en de hannen geboeid op 'e rêch. Sa waerd er opsluten. Doe hie Ymke tsjin 'e bewaker sein: "Zo zit ik vast en zo ben ik los." En doe wie 't spul him samar fan 'e hannen en fuotten ôffallen. Doe ha se him mar fuortjage. Se...
nl.verhalenbank.34584
Ymke koe alle kunsten. Op in kear doe siet er yn 'e kroech. Hy hie allegear soldaten om him hinne. Hy sei: "Is der ien dy't my even in bûsdoek liene kin?" "Jawol", sei ien fan 'e soldaten en hy krige dy syn bûsdoek, in reade bûsdoek. Doe hie Ymke in lúsjefers krige en dy bûsdoek opbrând. Dêr kom hwat jiske fan. De soldaet, dy syn bûsdoek it wie, hie sneu...
nl.verhalenbank.34585
Sa fortelde heit ek dat hy hie ris mei Ymke en in stik of hwat oare soldaten yn 'e kroech sitten, doe hie Ymke frege: "Is der ek ien dy't in goune foar my to lien hat? Dy krijt him aenst wol wer." Doe wie der ien dy joech him in goune. 't Wie in soldaet. Doe hie Ymke dy goune trochslokt. De goune wie fuort, mar Ymke sei: "Dû krijst him aenst wol wer." Doe...
nl.verhalenbank.34586
Imke de Jong wie in gûchelder, dy kom altyd op Eastemarre merke. Hy koe de minsken stean litte. Op Hamster merke hat er de plysje alris stean litten.
nl.verhalenbank.29365
35