Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 results
Dutch Keywords: gewond Place of Narration: Kollumerzwaag
Myn omke Jan hie sa'n gefal mei in swarte kat. "Mem," sei er tsjin myn beppe, "dêr is dat âlde kring wer." Doe hied er in foarke krigen en op 'e kat smiten. De foarke gong dwars troch de poat hinne. Letter is âlde Griet altyd kreupel west.
nl.verhalenbank.37349
In tsjoenster foroare har faek yn in kat. As se sa'n kat in mep joegen hie de tsjoenster de oare deis in blessuer oan har.
nl.verhalenbank.33022
Yn Kollumersweach wenne Harm v.d. Berg. Dy hie in sike jonge, dy't bitsjoend wie. Op in kear kom der in fremde swarte kat by harren op it hiem. Harm skeat op dy kat en rekke him. De oare deis wie Liuwe Ael, in âld tsjoenster, dy't oan 't Wyldpaed wenne, kreupel.
nl.verhalenbank.24061
Hjir wennen minsken, dy hienen in bern, dat raesde altyd, nachts en deis. Op in joun, doe kom de man thús mei twa lamkes, dy't er kocht hie. 't Wiif sei: "Ik bin forlegen mei 't bern, sa raest it." Doe sei de man: "Ik sil der ris in ein oan meitsje. Hwant dat bern is bitsjoend." Doe naem er it gewear fan 'e balke en hy gong nei de lankmoes ta bûtendoar (=...
nl.verhalenbank.16056
4