Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
68 datasets found
Dutch Keywords: genoeg
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Dy ha noait gebrek oan jild.
nl.verhalenbank.38477
Der wie in man, dy hie krekt út 'e broek west. Hy seach om nei hwat der lei. Dat wurdt folle dien. Doe frege in man him: "Hwerom sjogge jo dêrnei?" Hy sei: "Ik woe ris sjen as der foar dy wol genôch wie. Oars soe 'k der noch in stik by skite."
nl.verhalenbank.37156
Frijmitselers, dat binne minsken, dy kinne in oar fêstsette. Ik hie in kammeraet, dy koe 't ek. Dy hat us in plysje fêst set. Dy koe net in stap mear gean. Ik wie der by. 't Wie op 'e Nije Wei. Doe't it lang genôch duorre hie, sei er in pear wurden, doe koe dy plysje wer rinne. Fan 'e frijmitselders mat der om 'e sawn jier ien dea. Sy krije jild fan 'e...
nl.verhalenbank.28062
Stammerige Harm haw ik skoan kend. Hy wenne yn Twizelerheide en handele yn âld izer, blik, fodden en al sok spul. Alles wie fan syn gading. As der hwat op in hiem lei dat fandele er op. Hy hie yn 'e iene hân in stôk en mei de oare hâldde er in âld sek beet, dy't him oer 't skouder hong. Dêr die er alles yn hwat fan syn gading wie. In hiele bult âld izer...
nl.verhalenbank.34500
Yn 'e Westerein by 't spoar wenne in winkelmantsje, dy hie noait forlet fan jild. Dy koe dwaen hwat er woe. Hy hie him oan 'e duvel forkocht: 't wie in frijmitseler.
nl.verhalenbank.33455
Alde Taeke Pyt hie har oan 'e duvel forkocht. Doe't in oar yn 'e earmoed siet, hie hja altyd sinten. Mar sy is in rare dea stoarn.
nl.verhalenbank.28048
"Als ik geld genoeg had," sei sa'n poep, "dan wou ik varen in een schuitje met wat hooi en dan de lauwe sûpe voor 't drinken."
nl.verhalenbank.23694
Lju dy't forlet fan jild ha geane by de frijmetselaars. Dan ha se noait wer forlet. Dêr soarget de duvel wol foar.
nl.verhalenbank.23050
In wjerwolf wie in man of in jonge, dy't noait sêd koe. Hy iet samar twa poun spek op mei fiif kop jierpels der by en in panne fol brij achteroan. En dan wied er nòch net sêd. In wjerwolf is de jongste fan sawn jonges.
nl.verhalenbank.27369
Frijmitselders ha in wikseldaelder. Dêrtroch ha se noait gebrek oan sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket net op. Dy krije se fan 'e duvel. Dêr ha se in forboun mei sluten. Ien dy't frijmitselder is, kin net wer in gewoan minske wurde. As se der by wei wolle wurde se deamakke. De gebouwen fan 'e frijmitselers sitte gjin glêzen yn. Se jowe twa fingers...
nl.verhalenbank.33056
Myn man syn broer, dy gong finansieel hiel bot foarút. In bulte minsken seinen, hy hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.21227
Frijmitselers ha noait gebrek oan jild. Se ha in forboun mei de duvel, se binne oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.38212
Frijmitselers binne ek kûgelfrij. Dy binne oan 'e duvel forkocht. Sy wurde blyndoekt yn in gebou brocht. Dêr sette se foar har in krús op 'e muorre. Dêr matte jy dan mei eigen bloed it mes yn stekke. Jo kinne der noait wer by wei as jo der ienkear by binne. Jo barre der sinten foar. Jo kinne sizze hwat jo leafst ha. In buorkerije of in gernierkerije of...
nl.verhalenbank.24174
Wytse Sibes de Boer wie greatboer (ek ymker) yn Wijnjeterp. Hy hie ek in skuorre mei drinten, dêr't in skeper op paste. Dy skeper iet jouns mei it oare folk. Mar se krigen dêr altyd to min en noait in kear sêd. Op in kear sei de skeper tsjin ien fan 't folk (dat wie Jan): "Hoe is 't Jan?" "Skrabjen yn 'e pot", sei Jan. "Ik krij joun sêd", sei de skeper....
nl.verhalenbank.20845
Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Se dogge hwat se wolle salang se yn leven binne. Mar der moat elk jier ien fan harren dea. Se stjerre yn de regel in nuvere dea. Op 'e kop yn 'e sleat of sa. Der giet eins noait ien normael dea.
nl.verhalenbank.33226
Guon dy't in helm ha, wurdt der sein binne kûgelfrij. Ik haw ek wol heard dat it skip fan in skipper, dy't in helm hat, noait forgiet. Frijmitselders binne ek kûgelfrij, wurdt der biweard. Sy ha altyd sinten, dat komt, sy ha in wikseldaelder. Dy rekket noait op. As se jild brûke matte hingje se jouns in lege ponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare...
nl.verhalenbank.24214
Frijmitselers ha alyd hwat oan har hûs dat net ôfmakke is. It ûleboerd of sa. Om 'e sawn jier mat der ien fan har stjerre. Sy ha in forboun mei de duvel. Elk fan harren hat in wikseldaelder, dat sy ha noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.27696
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. As se it gebou binnen komme, wurde se earst blyndoeke. Hja ha noait forlet fan jild. Sy sette mar in klomp foar de doar, dy is dan de oare moarns fol.
nl.verhalenbank.25641
In frijmitseler hat noait forlet fan jild. Dat krijt er fan 'e duvel. Mar om 'e sawn jier mat der ien fan 'e mannen dea. Sa hat in sekere dokter Dittmann dy't yn in doarp by Bentheim wenne yn Dútslân, himsels formoarde. It wie de húsdokter fan myn húshâldster har folk.
nl.verhalenbank.27733
De frijmitselers ha in wikseldaelder; dat is in daelder dy't noait op rekket. Dêrtroch ha se noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.27653
35