Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: genezer Place of Narration: Boelenslaan
To Sumar wenne Knjillis Wytses. Dy wist mear fan kwalen ôf as alle dokters meielkoar. Hy hat de koaninginne ek better makke. 't Wie Wilhelmina. Dy wie hielendal giel en dat wie har yn 'e wei. By de dokters foun se gjin baet. Knjilles Wytses makke har wer better. "Wolle jo wite hwa't it is, dy't jo wer better makke ha?" sei se. "Né," sei Knjillis Wytses,...
nl.verhalenbank.17325
In suster fan pake wenne yn 'e Folgeren by in boer. Dy boer hie in hynder, dat hie 't yn 't boarst. Net ien koe der by komme, sa sloech en trape en skopte it beest. Se hienen alris tsjin Hinse sein, as dy ris komme koe. Hinse hie dat tasein, mar hy kaem net. Mar doe op in kear kaem er hartstikke dronken fan Drachten ôf yn in rydtúch. De hynders fjouweren...
nl.verhalenbank.15914
Myn pake wenne njonken Hinse Jehannes de Boer op it Swartfean. Bareld Nieuwenhuis hie in koe, dêr mastere jonge Jan syn heit fan it Wytfean mei. Mar hy krige de koe net better. It beest gong achterút. De koe wie mei it koartfûlens stean bleaun. Pake sei tsjin Bareld: Gean mei in topke hier fan 'e koe nei Hinse ta, dy is in protte mâns by 't fé. Doe die...
nl.verhalenbank.15912
Piter Scheper yn 'e Houtigehage wie wol hwat mâns. Der kom us in feint oan, dy jammere dat it hwat die. "Hwat mankeart dy jonge?" "Ik bin forlegen fan 'e pine yn 'e mûle," sei de jonge. "Dêr kin 'k dy wol gau ôfhelpe, sei Piter. Hy die in slach nei de feint en in slach nei in beam. Doe hie de beam de pine. De feint wie syn pine yn 'e mûle kwyt en hy hat...
nl.verhalenbank.17346
De koarts woarde ek wol biknope. De man dy't de koarts hie krige in eintsje tou fan sa'n sechstich c.m. fan deselde dy't de koarts bistride. De pasjint moest út 'e midden wei fan dat eintsje tou mei de hân nei de beide úteinen strike. Earst de iene kant, dan de oare kant. "Sa is 't genôch", sei de genezer. Hy sette der knopen yn en goaide 't eintsje tou...
nl.verhalenbank.25097
Antsje Pitstra lei op har stjerbêd. Sy koe net ta stjerren komme. It wie net altyd like moai gong yn har leven. Doe ha se my der hinne roppen. Ik hie wol ris faker mei har praet. Doe't ik dêr kaem, sieten alle glêzen/gerdinen ticht en der siet in grouwe swarte houn deun tsjin 'e glêzen oan. Ik hie fuort yn 'e rekken hwat dat bitsjutte. Ik kaem by Antsje....
nl.verhalenbank.16044
Pake stie ris by him op it hiem, doe kom der in persoan út 'e Rottefalle by him. Hwat mastû? frege Hinse batsk. Ik soe nei jo ta, wie 't antwurd. Ja, sei Hinse, ik wyt wol, hwerstû foar komste. Dû bist troch in slange biten. Mar ik help dy net. Dû mast mar gau sjen, datst yn Drachten komste. Dat kinst noch wol helje.
nl.verhalenbank.16032
Hinse hie in boskje achter syn hûs op it Swartfean. Yn dat boskje hied er stopflessen to hingjen mei slangen der yn. It fenyn dat dy slangen útspijden, dat brûkte hy as medesyn.
nl.verhalenbank.16033
Der kaem ris in faem by Hinse, dy hiet fan Tetsje. Sy hie de koarts en woe graech wer better wurde. Doe sei er tsjin har: Moarnmoarne, foardat de sinne opkomt, matte jo op 'e skuorredoar skriuwe: Tetsje is net thús. Dat matte jo trije moarnen achter elkoar dwaen. Dan binne jo de fierde dei genezen. Tetsje hat dit dien en sy hat noait wer hinder fan koarts...
nl.verhalenbank.16031
Hinse syn broer Habele lei op 'e Gerdyk bigroeven. Doe't Habele al in jier wei wie, gong Hinse nei syn graef ta. Dêr stie er to dânsjen as in wylden en rôp: Habele, kom der út! Kom der út, Habele! Hinse hat syn kunsten leard út it boek 'Het zwarte paard'.
nl.verhalenbank.16034
35