Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: geluid nacht Place of Narration: Opende
Us heit makke froeger deakisten. It gebeurde soms, dan hearde hy fan tofoaren yn 'e nacht dat der timmere woarde. Dan sei er: "Ik mat ek wer in deakiste meitsje." Dan kommen se de oare deis by him, dan moest er ien meitsje.
nl.verhalenbank.27302
Op in nacht sei er: "Wat sal dat nou wezen. Het bromt in de locht." It gong der bot oan wei. Letter kom de Graf Zeppelin troch 't noarden oer ús hinne mei prins Hindrik der yn. Doe't er dat loftskip seach, sei er: "Dat mei 't west ha."
nl.verhalenbank.27303
Myn broer lei op bêd. 't Wie yn 'e nacht. Doe hearde er hwat by de doarren. Doe seach er dragers en in kiste, dy't se yndroegen. Der woarde tsjin him sein syn soan wie dea. Op dat momint lei syn soan op bêd to sliepen. Letter is er stoarn en gebeurden deselde dingen dy't myn broer doe sjoen hat.
nl.verhalenbank.27167
By ús heit en mem op 'e Skieding hearden se nachts faek de brake gean. Dan stompte mem heit oan op bêd en sei: "Jan, hearst de brake wol?" It wie foartjirmerije. Dan gong it de oare deis wer op in braekjen.
nl.verhalenbank.25991
35