Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: geluid hout
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen. In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
nl.verhalenbank.23724
Doe't ik noch yn 'e hûs wie - wy wennen oan 'e Grinslânse wei ûnder Surhústerfean - sei ús mem op in moarn: "Ik ha fannacht de hammers slaen heard op 'e spanten en houten. Hjir kin wol us in nij hûs komme." Dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.20951
Yn it houtstek fan Dalstra yn 'e Westerein ha guon timmerjen heard, wol forskeidene kearen tusken njoggen en tolwe ûre op 'e joun, as se dêr lâns kamen. Mar as se der hinne gongen wie der neat to sjen en wie alles yn 'e rêst. It wie it timmerjen fan 'e oare deis, dat se hearden.
nl.verhalenbank.19327
Piter Postma, byneamd Piter Kûper wie myn omke. Hy fordronk op 'e Leijen. Hy foel achter de boat mei hout yn it wetter. Swimme koed er net, 't wie min waer, der stienen hege baren. It wie al gau bikend yn 'e Rottefalle dat er fordronken wie. Alde Hindrik en Wijke wennen tichte by de Leijen. Dêr gongen se hinne om in pream dêr't se allerhande ark yn...
nl.verhalenbank.33719
Us mem wie tige min, mar sy leefde noch. Doe hearden wy in lûd, krekt as woarde der mei hout tsjin 'e muorre oan skaefd. Doe't mem in skoftsje letter dea wie, leinen se har yn 'e kiste en doe brochten se dy kiste nei 't sliepkeammerke ta. En doe skaefde dy kiste dêr tsjin 'e muorre oan. Dat wie krekt itselde lûd dat wy tofoaren al heard hienen. Doe wie...
nl.verhalenbank.38159
Op 'e Feanster Heide lei in man yn 'e nacht op bêd, doe hearde hy ynienen dat der bûtendoar hwat tsjin it kezyn oan skaefde. Hy fan it bêd ôf en nei bûten, mar der wie neat to sjen. Hy joech him wer del. In skoftsje letter waerd der bûtendoar hwat del set dat fan hout wie en der waerd ek hwat boven op goaid. Wer gong de man der op ôf om to sjen, mar ek...
nl.verhalenbank.17635
Alde Jeltsje woarde op in nacht wekker, doe wie 't krekt dat der in balke op 'e tafel tikte. 't Wie yn Ikkerwâld. Letter stoar der in dochterke. Doe tocht se dat it foartsjirmerij west hie.
nl.verhalenbank.24010
Foartsjirmerij by ambachtslju De duvel makket altyd misbrûk fan 'e tiid—fan 'e bygelovichheid fan 'e minsken. Dat leau ik grif en de histoarje wiist it út. Omke Ultsje, ús heit syn broer, hat timmerman west yn Koudum en hy hie winterdei net folle wurk. Op in kear kaam der in houtkeapman by him en doe hienen se fan dy ferhaaltsjes Iyk as de minsken yn dy...
nl.verhalenbank.12974
Mem wenne tichte by it café fan Ruerde Baeije yn 'e Harkema. Op in joun hearde se dat der in wein oanroljen kom. Dêr woarde hout ôfsmiten. 't Wie dúdlik to hearren. Hja sei: "Hjir wurdt yn 't koart boud." En 't kom ek út. In skoft letter woarde dêr in nij hûs timmere. It hout woarde op in wein oanfierd en ôfladen. Dat hie sy heard.
nl.verhalenbank.33173
Foartsjirmerij by ambachtslju As de skippers oan 'e helling leinen, dan koe it barre, dat se nachts de breauhammers slaan hearden. Dat wie yn 'e tiid fan 'e houtene skûten. Der waard breaud en dan waard der mar bot op timmere. Se hearden soms tige dúdlik, dat der in man of wat oan 't wurk wienen, mar as se der hinne gyngen, dan wie der neat en alles wie...
nl.verhalenbank.12976
Yn Terwispel by de Rolbrêge stie in houten keet, dêr spoeke it. Dêr wennen âlde minsken. It gong dêr nachts altyd op in saegjen en klopjen.
nl.verhalenbank.21028
Doe't wy to Himrik wennen beamsagen wy winterdeis faek. Heit kocht beammen en der sagen wy skroaten fan. Dêr woarden hekken fan makke. Doe't ik sa'n seis en twintich jier âld wie, lei 'k op in nacht op bêd en doe goaiden se mei de beammen dat it klonk der oer. Ik wie klear wekker. Ik sei de oare moarns: wy kinne wol bigjinne to beamsaegjen. Mar der wie...
nl.verhalenbank.21014
Ik stie us in kear bûten. Doe sei 'k: "Hjir komt in nij hûs, net fier fan ús ôf." Ik hearde klear hoe't se mei planken en balken ensa smieten. It duorre net lang of sy setten der in nij hûs del.
nl.verhalenbank.21438
De stiennen ûlebuorden. Der wie in boer, dy wenne ergens boppe Ljouwert. Hy hie nei stêd ta west, nei de merk en wie nou op 'e weromreis. It wie min, stoarmachtich waer en de boer siet tige oer syn minne, âlde skuorre yn. Hy wie deabinaud, dat dy der oan gean soe. Sa nou en dan suchte hy der oer. Doe kaem der in menearke njonken him. Dy sei: "Hwat suchte...
nl.verhalenbank.21259
Yn Frjentsjer lei in fartúch mei houten lûken der foar. 't Wie dêr net plús. Der wienen nachts altiten werkgeesten dwaende. Dan gong it op in flapperjen, dan wie 't rounom lawaei. Wy ha 't wol faek heard. Mar wy ha noait hwat sjoen.
nl.verhalenbank.25823
In goed sechstich jier lyn wennen wy hjir oan 't paedtsje yn in keetsje, dat opset wie fan plaggen, strie en hout. Heit en ik rounen op in joun oer 't hiem nei 't paedtsje ta. Doe kom der stadich hwat oan, dat like op in houn. Mar hy wie wol sa great as in keal en roetswart. Heit hie in hekel oan hounen en joech it beest in traep en sei: "Hwat mastou...
nl.verhalenbank.19328
Op 'e Tike wennen Bouwe en Jits. Har soan Sibe gong elke dei nei Hilke en Baeije ta to arbeidzjen. Op in kear doe kom er thús en doe sei syn suster Bouk: "Ik bin sa binaud, it knapt hjir sa hyltyd yn 'e hûs en dêr is neat to sjen." "Ynbeeldings", sei Bouwe. Doe't er in wike letter wer thúskaem fan it wurk om deselde tiid stie de klompkachel oer de flier...
nl.verhalenbank.19712
Wy soenen in nij hok ha fan 'e gemeente. De planken hienen wy al thús. In wike fan tofoaren, op in joun, doe't wy al op bêd leinen, sei 'k tsjin Piter: Hark, sa'n leven is dêr. Hearst it wol? Sy lûke de planken by de souder op. Piter hearde it ek dúdlik. Mar der gebeurde fansels neat. Mar krekt in wike letter wienen se drok mei it nije hok oan 'e gong. En...
nl.verhalenbank.15878
35