Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: geloven Place of Narration: Harkema
Aen wie in âld man. Hy wenne yn 'e Harkema. Hy leaude oan God noch syn gebod en wie in greate spotter. It gong him noait to raer. Op in kear lei er op bêd, doe siet der in gedaente op 'e stoel foar syn bêd mei egen as itensboarden. Hy die neat en praette ek net tsjin him. Aen wie stjerrendbinaud. It wie de duvel. Aen is troch dit gefal bikeard en gong nei...
nl.verhalenbank.21324
Alde Rykele Myt wenne op 'e Skieding. Dy gong foar in tsjoenster troch. Jan Kobus fan Surhústerfean woe soks net leauwe. Simmers helle er turf fan Compagnonsfjild. Doe gong er us in kear nei har ta. "Se sizze, dû bist in tsjoenster", sei er. "Mar ik leau it net." Hy wie botte toarstich en krige in pear bakjes kofje fan Myt. Doe sette er op hûs yn. Mar...
nl.verhalenbank.17519
Hjir hat in frou wenne, dy leaude nergens oan. Sy wie sa werelds as it mar koe, om de ivige dingen tocht se net. Dêr spotte se mei. Hja gong op in joun to dânsjen mei nagelnije skuon oan. Doe hat se sa bot dânse dat der is neat mear fan dy skuon oerbleaun. 't Wie op in saterdeinacht. Mar sy is raer thús kom. De kweade hat har topakken hawn. En dat hat sa...
nl.verhalenbank.32983
Thysom, dat wie ús heit syn omke. Dy hie in bern, dat rekke bitsjoend. Earst woe Thysom dat net leauwe, mar it kaem doch sa fier, hy rekke nei de duvelbander Wopke fan Kûkherne ta. 't Wie midden yn 'e winter en der lei in dikke laech iis. Dat omke gong der op redens hinne. Wopke joech him in drankje mei, mar sei: "Tink der om, ûnderweis komt der dy ien...
nl.verhalenbank.19344
Wy wennen yn 'e Bosk yn 'e Harkema. As ús heit nachts net sliepe koe, gong hy der út to kuijerjen. Dat hied er wer ris op in nacht dien. De oare moarns sieten wy om 'e tafel hinne. Heit siet der ek by. Doe sei er: "Dêr komt in nij hûs." "Hoe wyt heit dat?" seinen wy. "Ik bin fannacht bûten west," sei er, "en doe hearde ik tsjin 'e Boskreed oer, yn 't...
nl.verhalenbank.28796
By ús heit lei de frou (húshâldster?) siik op bêd. Alle jounen wie dêr in kat. "Dêr komt se wer oanglûpen", sei heit. De kat kom wol by 't minske op bêd. Heit hie syn nocht. "Ik sil mei him ôfweve", sei er en hy joech de kat goed op 'e hûd. De oare moarns moest heit nei de bakker om brea op to heljen. Doe kom er in âld wiif tsjin dat kreupele. Dat âld...
nl.verhalenbank.23951
Jan-om wie de jongste broer fan ús heit. Doe't heit noch yn Kromelle wenne, dat is krekt 74 jier lyn, wie Jan-om 19. Letter wie Jan-om âlderling yn 'e grifformearde tsjerke. Doe wied er noch mar in goede twintich. Hy leefde o sa nau. Alhiel neffens de Skrift. Op in kear soed er mei ien to riden oer iis. De redens hied er goed yn oarder. 't Hie bot ferzen....
nl.verhalenbank.33000
Us pake ûngetide ris in kear achter Ljouwert. Hy slepte yn 'e skuorre. Doe sei de boer tsjin him: "Nou meije jo joun net yn dy golle lizzen gean, hwant alles hwat yn dy golle lizzen giet, dat stjert. Ik ha der al hiel faek in kealtsje yn hawn en dat is elke kear dea gong." Pake sei: "Soks meitsje jo my net wiis, dêr leau 'k neat fan." Doe sei de boer: "As...
nl.verhalenbank.32740
Der wie in man, dy soe to jounpraten. 't Wie yn Oktober en froastich waer. Doe seach er ynienen hwat, dat doogde net. Mar hy wie in gelovich man en sei it 'Onze Vader' op. Doe woarde it him rûmer om 't hart.
nl.verhalenbank.20964
35