Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: geld verkopen Place of Narration: Drachten
Jan Kluwer roun mei de skearsliperskarre. Hy sei: As it pap regent, dan liggen onze schuddeltjes ommegekeerd. "Sliep! Sliep!" rôp er, as er achter de karre roun. Hy hie net folle to dwaen. Der waerd sein dat er him oan 'e duvel forkocht hie. As er yn 'e Súd-oast-hoeke fan Fryslân tahâlde sliepte er yn 't folksloazjemint fan Terwispel, dêr't Janne yn...
nl.verhalenbank.32007
Bearn van der Woude fortelde: Ik wie us in kear by Hindrik Pikelhearring (= van der Molen). Doe sei Hindrik tsjin my: "Bearn, ik ha noch in bigje. Dat wie krekt hwat foar dy. Wolst it keapje?" Ik sei: "Ik ha gjin sinten." "Hoechst der ek net folle foar to jaen", sei Hindrik, hy is goedkeep. Ik sei: "Ik mat him earst mar ris sjen." Doe wy der hinne. 't Wie...
nl.verhalenbank.26059
Der wie in boer, dy hie fé forkocht op 'e merk. Hy hie sadwaende in aerdich stik jild by him. Underweis kom der in rover op him ta, dy hie in revolver by him. Dat hâldde er de boer foar wylst er sei: "Je geld of je leven." "Nou," sei de boer, "jo kinne myn jild wol krije. Mar, nou't jo toch in revolver ha, woe 'k wol graech, dat jo even troch myn hoed...
nl.verhalenbank.32936
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. Sy ha altyd wol jild om hannen.
nl.verhalenbank.23999
Frijmetselders ha har oan 'e duvel forkocht. Hja ha noait forlet fan jild. Hja kinne 't altyd skoan rêdde.
nl.verhalenbank.37938
Yn Lúkswâlde wenne in boer, dy hiet fan Jan van der Werf. Doe't ik sechstjin jier âld wie haw ik as feintsje by him tsjinne. Dy boer lei it der op oer om faillyt to gean. Gokke en sûpe en jildforgrieme. Elkenien koe sjen dat it forkeard gean soe. Dy boer hie in droom, dêr seach er alles yn. Hy fortroude altyd op syn dromen. Hy droomde, hy soe stokearm...
nl.verhalenbank.26970
Der wie in papegaei yn in skip. De skipper wie in tige rûch man, dy't it iene flokwurd nei 't oare brûkte. Op in kear wie der in lek yn 't skip. Doe sei de skipper: "Pompe, bliksum." Dat sei er hyltyd mar wer, dat op 't lêst sei de papegaei it him nei en sûnt dy tiid klonk it altyd út syn bek: Pompe, bliksem! 't Wie him yn 'e bek bistoarn. Dy skipper kom...
nl.verhalenbank.32889
As ien in buchel hat, dy kin er forkeapje. De professors keapje se op foar fjirtsjinhûndert goune it stik. Sy biwarje se en sette se op sterk wetter. Ik ha wol ien kind dy't sa syn buchel forkocht hat. It wie in sekere Herder út Apelsgea, in man fan 'e sweef. Hy forkocht syn buchel by syn leven oan in professor yn Grins.
nl.verhalenbank.19372
Der hat in keardel west, dy koe hwat mear as in oar. Hy hie de kweade hân, seinen se wol. Ien hat my us oer him forteld. Dy hie 't sels bileefd: Ik hie 't sa earmoedich, sei er. Ik kocht in bichje foar fyftsjin stûren. Doe't ik it thús hie, kom dy keardel by my. Dy koe duvelskunsten. "Hast in bigge kocht?" sei er. "Ja", sei 'k. "'t Is net sa'n dikken",...
nl.verhalenbank.25567
Der wie in boer, dy hie mei in koe nei stêd west. Op 'e weromwei moest er in stik lân troch, dêr kommen trije wegen op út. It wie moai ljochtmoanne waer. Hy sloech de wei yn dy't nei it plak ta fierde dêr't hy wenne. Doe hearde er praten. Hy tocht him hwat binaud omt er it jild by him hie, dat er foar de koe bard hie. Oan 'e kant fan 'e wei lei in...
nl.verhalenbank.23449
35