Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: geld opraken
Bauke Haarsma hie in wikseldaelder, seinen se altyd. Mar it nuvere is dat de man letter felyt rekke is.
nl.verhalenbank.20370
Pytsjemuoi, dat wie Auke Stienstra syn mem. Dy hie in wikseldaelder. Dy hie se fan 'e duvel. Hja siet noait sûnder sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.37795
In wikseldaelder kin men altyd mar útjaen, hy komt grif werom. By de frijmetselarij ha se wikseldaelders. Kobus Dalstra wie sa'n frijmetselaer. Ek in neef fan my, Wessel Gal hie him oan 'e frijmetselerij forkocht. Frijmitselers, dy't jild brûke matte, wurde trije kear holpen. As de frijmitselers by elkoar komme, ken de iene de oare net. Sy komme der...
nl.verhalenbank.24879
Frijmitselers binne minsken, dy't har oan 'e duvel forkocht ha. Dy't ienkear frijmitseler is mat it altyd bliuwe. As se stjerre giet it raer. Se krije in freeslike dea. Wolle se by har folkje wei, dan draeit de duvel har de nekke om. Se ha altyd wol sinten. Reitsje se op, dan hingje se de lege ponge mar oan 'e kruk fan 'e doar jouns foar't se op bêd geane...
nl.verhalenbank.38538
Guon ha in wikseldaelder, dy't se fan 'e duvel krije. Sokken binne oan 'e duvel forkocht. In wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.31192
Dy't in wikseldaelder hie koe alles nei him ta helje. Hy makke oeral slachtoffers, hwant it jild dat er útjown hie kom altyd wer by him en oaren wien it dupe dêr fan.
nl.verhalenbank.32681
Yn 'e Westerein wenne in man, dy wie skjin forlegen om jild. Hy hie heard, dat men koe jin oan 'e duvel forkeapje. Dan moest men nei in trijesprong ta by in hantwizer. Doe gong er nei de Boppewei ta. Op 'e ein stie in hantwizer. Dêr gong dy man stean en hy sei trije kear achter elkoar: "Hwa wol in swarte kat keapje?" Doe kom de âld duvel by him en doe...
nl.verhalenbank.38344
Der wenne hjir yn 'e Westerein in man, dy hie in wikseldaelder, seinen se. Dy moest er fan 'e duvel krigen ha. In wikseldaelder, dat wie jild, dat kaem altyd werom. As jo in goune útjoegen siet er in skoftsje letter wer yn 'e beurs.
nl.verhalenbank.32047
Fan ien, dy't noait forlet fan jild hat, sizze se: dy hat fêst in wikseldaelder. In wikseldaelder komt fan 'e duvel. Hy rekket noait op yn 'e beurs. Altyd groeit er wer oan dat de folle waerde wer yn 'e beurs sit.
nl.verhalenbank.31563
Anne Westra hie altyd jild. 't Wie yn 'e krappe tiid doe't er leefde. By alle minsken, wie 't earremoed, mar Anne dy traktearre altyd mar rejael. Hy hie in wikseldaelder, seinen se. Dy hied er fan 'e âld feint krigen.
nl.verhalenbank.20531
In wikseldaelder is in daelder, dy rekket noait op. Jo krije him fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.26356
Harm hat wol guon bitsjoend. Ek wol fé. Hy wenne op Sânbulten. Hy hie in wikseldaelder. Dy rekke noait op, hy wie noait útforkocht. Harm hie altyd sinten. Dêrfoar hied er him sels oan 'e duvel forkocht. Krige er alris forlet fan jild, dan hong er de lege jildponge mar even oan 'e kruk fan 'e doar en de oare moarns wied er wer fol. Hy hie twa dochters, dat...
nl.verhalenbank.35950
Alle frijmitselders ha in wikseldaelder. Dêrfoar matte se trije kearen om it tsjerkhôf hinne rinne mei in siferse kat yn 'e sek by har en dan matte se trije kear achter elkoar roppe: "Wie koopt er die haas?" Dan is der ien dy keapet dy kat foar in daelder. Dat is, leau 'k, in soarte fan ryksdaelder. It is fansels de duvel dy't dat docht. Dy wikseldaelder,...
nl.verhalenbank.20343
Alde Albert Gjaltema fan Grinzer Pein hie in wikseldaelder. Dêrtroch hied er altyd jild. Dy daelder rekke noait op.
nl.verhalenbank.38693
Een wisseldaalder kreeg je van de kwoade. Dy kreeg je altyd weer. As jy him uitgaf kwam ie fansels weer.
nl.verhalenbank.24407
35