Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: geest spoken Place of Narration: Harkema
Der wie in dobbe achter Fokke Rins (Fokke Alma = dikke Fokke, dûbelde Fokke, soan fan Albert Alma en Tet). Tichteby hat in âld hûs stien, dêr binne trije berntsjes yn forbrând. Jan van Zalen hat der noch in liet fan makke. Dy berntsjes binne op it earmetsjerkhôf biierdige. Sy hienen gjin deaklean mei krigen. Dy berntsjes sweefden altyd om dy dobbe hinne...
nl.verhalenbank.22223
As men ien hwat biloofd hat en men komt it net nei en dyselde komt to forstjerren, dan komt dyselde letter werom.
nl.verhalenbank.23910
By de grouwe ikene beam oan 'e betonwei spûket it. Dêr rint in wite gedaente om. Alde Aen Klokje (= Aen Alma ^) hat him sjoen. Navend, sei Aen. Mar hy hie neat sein. Hâld dy de bek dan, sei Aen batsk. Doe seach er om en de hiele wite gedaente wie fuort. Doe wie Aen bang woarn en makke er gau dat er thús kom.
nl.verhalenbank.15888
Piter Simens Kloosterman wie in boer. Dy wenne op 't Kleaster. Hy hie bigeard, hy woe steande bigroeven wurde. Dan koe er it lân oersjen. Mar sy dienen it net. Doe kom er werom. Hy kloppe by syn folk oan 'e doar. In pear kearen ha se him sjoen. Doe ha se der in dûmny by helle. Dy hat him oansprutsen en frege, hwat syn bigearte wie. Doe ha se nei 't graef...
nl.verhalenbank.20677
't Wie hjir yn 'e Harkema. Ik kom op in joun mei myn jonge by ús heit en dy wei. Doe sei myn jonge ynienen: "Sjoch, heit, dêr stiet ek ien." Ik sei: "Ik sjoch neat." Mar ik krige de lampe, dy't ik by my hie en doe ljochte ik en doe seach ik in gedaente. 't Wie in beeld fan in frommes mei in pelterine om. Wy roannen oerdwars en moesten troch in sleat, mar...
nl.verhalenbank.25739
Yn 'e Harkema wienen de minsken bang foar de tiid tusken tolve en ien ûre yn 'e nacht. Hwant sy seinen: Tussen twaalf en één is alles op de been. Dan gong it altyd op in spûkjen. Deselden dy't by de faem wienen, gongen, as se 't mar even skikke koenen, foar tolven of nei ienen wer op hûs ta. Piter (har man) hâldde him dêr ek altyd trou oan.
nl.verhalenbank.15890
It wie froeger it gebrûk yn 'e Harkema dat de forstoarne mei in wyt lekken biklaeid woarde. Mar der moest altyd in stik ôfskuord wurde, omdat it oars to lang wie. It lekken mocht net fierder as oan 'e ankels takomme. Dat hâldde forbân mei de wederopstanding. Mei in to lang lekken koe men ommers stroffelje. It is us gebeurd, doe hienen se in minske al yn...
nl.verhalenbank.21293
Doe't Piter (Piter is har man) noch by my kom (tidens de forkearing) gong er op in kear even nei tolven by my wei. Syn âlden wennen yn in keetsje hjir net fier wei. Doe't er omtrint thús wie, tocht er: Der binne guon by ús op 't paedtsje. Mar hy koe se net ynhelje. Hy seach trije minsken en 't like him sa ta dat it syn heit en mem mei syn suster Iebel...
nl.verhalenbank.15876
8