Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By de grouwe ikene beam oan 'e betonwei spûket it. Dêr rint in wite gedaente om. Alde Aen Klokje (= Aen Alma ^) hat him sjoen.
Navend, sei Aen.
Mar hy hie neat sein.
Hâld dy de bek dan, sei Aen batsk.
Doe seach er om en de hiele wite gedaente wie fuort.
Doe wie Aen bang woarn en makke er gau dat er thús kom.
nl.verhalenbank.15888
't Wie hjir yn 'e Harkema. Ik kom op in joun mei myn jonge by ús heit en dy wei. Doe sei myn jonge ynienen: "Sjoch, heit, dêr stiet ek ien."
Ik sei: "Ik sjoch neat." Mar ik krige de lampe, dy't ik by my hie en doe ljochte ik en doe seach ik in gedaente. 't Wie in beeld fan in frommes mei in pelterine om.
Wy roannen oerdwars en moesten troch in sleat, mar...
nl.verhalenbank.25739
Doe't Piter (Piter is har man) noch by my kom (tidens de forkearing) gong er op in kear even nei tolven by my wei. Syn âlden wennen yn in keetsje hjir net fier wei. Doe't er omtrint thús wie, tocht er: Der binne guon by ús op 't paedtsje. Mar hy koe se net ynhelje. Hy seach trije minsken en 't like him sa ta dat it syn heit en mem mei syn suster Iebel...
nl.verhalenbank.15876
Ien omke fan myn wiif is by de Langewyk yn 'e bosk formoarde woarn. Hy hie in buchel en hiet fan Tsjerk.
Myn swager gong us mei myn broer mei in kroadfol baelders nei Feansterheide.
"Heit," sei myn swager, "hwa is dêr?"
Doe wie dat Tsjerk, dy't njonken har gong.
Tsjerk wie doe al in jier dea, mar sy herkenden him beide tige skoan.
"Stil jonge", sei...
nl.verhalenbank.21930