Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: geest horen sterven
Yn Jobbegea stie in hûs dêr woarde elke joun yn kloppe. It klopjen bigong altyd om deselde tiid. Der wie yn dat hûs ris in kear in bern formoarde. Dêrtroch spûke it. De geest fan dat bern kloppe. Us mem fortelde it.
nl.verhalenbank.28276
Der wie in faem, dy wenne by de boer. Sy hie dêr net in bêst plak en woarde och sa min bihandele. Dy faem woarde siik en stoar. De boer hâldde it guod fan 'e faem. Doe gebeurde it, dat dy faem alle nachten by de tsjernmoune kom en dêr leven makke. Hja kom dêr om har guod. Doe ha de boer en de frou har guod by elkoar pakt en yn in sek dien en dy op in joun...
nl.verhalenbank.28335
Us mem hat by in boer tsjinne. Doe wie se noch jong. Nachts om ien ûre hearde ús mem altyd ien de mjilling lâns sliere. De oaren hearden it soms ek. Mar noait ien dy't hwat seach. Se bigongen der allegearre om to tinken en se hearden sekuer it sloffen troch de koestâl, it gong nei de tsjernmoune ta. Mar as se der ôf gongen om to sjen hwat it wie, seagen...
nl.verhalenbank.29363
To Rottum, yn 'e Rotten wenne in feint, dy hiet fan Gerrit de Jong. Dy feint hie forkearing mei in boerefaem, dy wenne by in boer, in sekere Van Es. Op in joun sit dy feint yn 'e herberch. Hy sûpt in stik of fjouwer buorrels op en dan en lit er him dêr yn 'e herberch ûntfalle dat er dyselde jouns ien fan kant meitsje mat. Hy giet út 'e herberch wei en...
nl.verhalenbank.27623
Achter Ljouwert yn in doarp stie in lyts plaetske. De minsken dy't dêr earst wenne hienen, matte dêr twa bern sa bistoppe ha, sûnder deadshimdsjes oan. Letter kommen dêr oare minsken to wenjen. Dat wienen gelovige lju. Beppe wenne der ek by yn. Sy hienen ek in lyts famke, dat wie in protte by beppe. Op in kear, doe't beppe in mennich turven út 'e skuorre...
nl.verhalenbank.19626
5