Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: geest sterven Place of Narration: Buitenpost
Der leefde in man, dy forlear syn wiif. Hja hie in hiele protte klean fan har sels yn 'e kast. De man troude wer en sei tsjin it twadde wiif: "Jo kinne dy klean wol drage." Doe seagen de bern har mem hyltyd wer kommen. Hja spoeke en roan nei de kast ta. Dat gebeurde wit hoe faek. Allinne de bern seagen it en sy fortelden it oan har heit. Mar dy woe 't net...
nl.verhalenbank.19663
It gebeurde wol, fortelde beppe, dat lju dy't stoarn wienen, weromkommen, as de minsken har net hâldden oan 'e bilofte dy't se sokken by har leven dien hienen. Dan moest der in dûmny by komme om sa'n forstoarne to freegjen hwat er winske.
nl.verhalenbank.19482
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema wie in frou stoarn. Dy hie in bierkleed omkrige yn 'e kiste, dat hie to lang west. Doe koe dat minske de rêst net fine. En doe kom se elke joun by de famylje en dan rôp se: "To lang! To lang!" Doe ha dy lju doomny ophelle en dy hat har oansprutsen. Doe sei se, har bierkleed wie to lang, dêr moest in stik ôf. Doe is dêr in...
nl.verhalenbank.22968
Alde Japik Mulder wenne op it Wytfean. It wie in broer fan Gauke Mulder. Hy wenne yn myn jonge jierren op 'e plaets, dêr't letter Frits Benedictus wenne hat. Myn âldste broer Jan en ik wienen dêr us op in joun oan 't hôfkesjongen. Doe kom Japik der oan. Hy roan by de hutte lâns en gong sa it paedtsje del nei it hôf ta. Japik wie doe al in pear jier dea,...
nl.verhalenbank.19964
Anne Karl wenne op 'e Sânbulten. Hy wie us yn Grinslân oan 't sichtsjen op 'e klaei. 't Wie achter Warffum. De plaets fan 'e boer stie pûr op 'e rûmte. Op in joun soed er nei 't doarp ta to skearen. Hy woe it koartste paed mar nimme, mar dat rette de boerinne him sterk ôf. Hwant op dat paed, dêr doogde it jouns net, dêr spoeke it. Sy rette him oan foar...
nl.verhalenbank.19662
5