Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: geest Narrator Gender: v Place of Narration: Harkema
As men ien hwat biloofd hat en men komt it net nei en dyselde komt to forstjerren, dan komt dyselde letter werom.
Yn 'e Harkema wienen de minsken bang foar de tiid tusken tolve en ien ûre yn 'e nacht. Hwant sy seinen: Tussen twaalf en één is alles op de been. Dan gong it altyd op in spûkjen. Deselden dy't by de faem wienen, gongen, as se 't mar even skikke koenen, foar tolven of nei ienen wer op hûs ta. Piter (har man) hâldde him dêr ek altyd trou oan.
nl.verhalenbank.15890
By de grouwe ikene beam oan 'e betonwei spûket it. Dêr rint in wite gedaente om. Alde Aen Klokje (= Aen Alma ^) hat him sjoen. Navend, sei Aen. Mar hy hie neat sein. Hâld dy de bek dan, sei Aen batsk. Doe seach er om en de hiele wite gedaente wie fuort. Doe wie Aen bang woarn en makke er gau dat er thús kom.
nl.verhalenbank.15888
Heit en âlde Rinse de Wind wienen froeger in soad by elkoar. It wie ris yn 'e winter en Tsjerk Beima hie dat jier ierappels forboud. Mar Tsjerk kom to forstjerren. Hy wenne oan 'e betonwei, dat wie doe in sânpaed, flak by de rotanfabryk. De ierappels sieten dêr yn 'e bult. Heit en Rinse setten dêr op ta op in nacht om fan dy ierappels to stellen. De âld...
nl.verhalenbank.29326
As in tsjoenster der op út giet, is de geest út har lichum wei. De gedaente bliuwt thús. Dêr is dan alle wêzen út, krekt as út in deade. De geest is der út.
nl.verhalenbank.16088
Tsjin 'e bern seinen wy: Net by de poel komme, hwant dan pakt de healkoe jimme.
nl.verhalenbank.15871
Doe't Piter (Piter is har man) noch by my kom (tidens de forkearing) gong er op in kear even nei tolven by my wei. Syn âlden wennen yn in keetsje hjir net fier wei. Doe't er omtrint thús wie, tocht er: Der binne guon by ús op 't paedtsje. Mar hy koe se net ynhelje. Hy seach trije minsken en 't like him sa ta dat it syn heit en mem mei syn suster Iebel...
nl.verhalenbank.15876
Us mem hat by in boer tsjinne. Doe wie se noch jong. Nachts om ien ûre hearde ús mem altyd ien de mjilling lâns sliere. De oaren hearden it soms ek. Mar noait ien dy't hwat seach. Se bigongen der allegearre om to tinken en se hearden sekuer it sloffen troch de koestâl, it gong nei de tsjernmoune ta. Mar as se der ôf gongen om to sjen hwat it wie, seagen...
nl.verhalenbank.29363
Oan 'e Nije Wei yn 'e Harkema, tichte by 't hûs fan Fokke en Syts wie froeger in âld dykje. Us mem en âlde Wyts kamen dêr togearre ris by nacht lâns. Doe seagen se twa neakene berntsjes, dy gongen oer de dyk. Mem hat it faek forteld. "Wy wienen sa bang," sei mem, "dat wy doarsten der hast net nei to sjen." Doe't dy twa berntsjes oer de dyk wienen, sei...
nl.verhalenbank.29327
It wie om healwei fjouweren yn 'e moarn. Myn man lei yn 't iene sliepkeammerke, ik yn 't oare. De doar fan elk sliepkeammerke stie iepen. Wy slepten allebeide. Doe seach ik ynienen yn 'e wenkeamer in mynhear. Hy wie hielendal yn 't swart. Hy hie 't wyt foar. It like hiel deftich. Hy bleau yn 'e keamer stean en makke in soarte fan bûging foar my. Ik seach...
nl.verhalenbank.22029
10