Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: geest zien Place of Narration: Drachten
Wy wienen us op 'e Grinzer klaei oan 't wjudden. Wy slepten nachts yn in boereskuorre. Froeger wie der in lûk by de boereplaetsen boven yn 'e souder. Doe foel der us ien troch 't lûk hinne. Dy wie opslach dea. Sûnt woarden dêr nachts de skuorredoarren altyd iepen dien sûnder dat der ien to sjen wie. Dat gebeurde om sa'n tolve ûre hinne. Dat mat dyselde...
nl.verhalenbank.24595
Hindrik Meijer fortelde: Ik kom by Meine At wei yn 'e Grinzerpein. 'k Wie rinnende. Underweis hearde 'k allegear stappen njonken my. As ik stean bleau, hearde ik noch ien, twa, trije stappen. Dan roan ik wer fierder. Wer hearde ik de stappen njonken my. Bleau ik stean, dan wer ien, twa, trije stappen. Mar ik seach neat. Ik kom op 't lêst op 'e wei, dy't...
nl.verhalenbank.26062
Yn 'e omkriten fan Boelensloane wenne in frouspersoan, dy hâldde safolle fan har mem, dat sy wie der aeklik fan, doe't dy stoarn wie. Sy rôp altyd mar: "Hwat woe ik ús mem noch graech ris in kear wer sjen!" Doe, op in nacht, doe kom har mem by har oer de flier. De dochter lei op bêd. 't Ald-minske slierde op toffels. Doe't de dochter har seach, woarde se...
nl.verhalenbank.29387
Yn 'e Feanster Omloop wenne froeger Japik Kikkert (= van der Bij). Der lei in greate gracht achter syn hûs. Dêr wienen us twa bern willemoeds yn fordronken troch de minsken dy't doe yn dat hûs wennen. Sûnt dy tiid roannen dy bern nachts altyd om 'e dobbe hinne. De skuorredoarren, as dienen se dy jouns nòch sa fêst, dy stienen de oare moarns altyd iepen.
nl.verhalenbank.26042
Ik wie soldaet yn Ynje en likernôch 32 à 33 jier. Dêr haw ik midden yn 'e nacht yn 'e rimboe Anek sjoen. Anek is in froumins. De Javanen binne der deabinaud foar. Ik wie tusken allegear oare militairen yn, der wienen ek Javanen by. Wy hienen elkoar beet, hwant as we elkoar loslieten koe der samar ien ôfdwale yn 'e rimboe. Hwant de nachten binne dêr...
nl.verhalenbank.33629
Tichte by Piter Kikkert ûnder 't Surhústerfean stie in boerespul, dêr stie de skuordoar altyd fan iepen. Dat wie ek sekuer wier, dat seinen Jan en alleman. Guon gongen moarns bitiid nei 't wurk, dan moesten se by Piter Kikkert oer 't hiem. Dan seagen se dêr dy doar wol iepen stean. Op in moarn ier en bitiid soe der in arbeider mei de Feanster boat nei 't...
nl.verhalenbank.28244
Achter Ljouwert yn in doarp stie in lyts plaetske. De minsken dy't dêr earst wenne hienen, matte dêr twa bern sa bistoppe ha, sûnder deadshimdsjes oan. Letter kommen dêr oare minsken to wenjen. Dat wienen gelovige lju. Beppe wenne der ek by yn. Sy hienen ek in lyts famke, dat wie in protte by beppe. Op in kear, doe't beppe in mennich turven út 'e skuorre...
nl.verhalenbank.19626
De boer dêr't ik by wenne yn Aldegea wenne hielendal yn it Westen, op 'e Arkepôlle. Hy hiet fan Japik. Syn 'fan' wol my nou net yn 't sin komme. Op in moarn om trije ûre moest der in kou nei Ljouwert ta, nei de merk. 't Wie op in freed-to-moarn. De koopman dy't de kou ophelle hiet fan Auke. De kou moest by de boat ôflevere wurde. De kou stie noch op 'e...
nl.verhalenbank.33628
8