Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: geest spokerij open
By de homeije fan dokter Bontekoe wie 't net plús. De hekke gong altyd út himsels wer iepen, as men him sluten hie. Hy woe net ticht sitten bliuwe. Dat kom hjirfan, dêr gong nachts altyd in geest troch. Dy moest rûmte ha.
nl.verhalenbank.30421
Wy wienen us op 'e Grinzer klaei oan 't wjudden. Wy slepten nachts yn in boereskuorre. Froeger wie der in lûk by de boereplaetsen boven yn 'e souder. Doe foel der us ien troch 't lûk hinne. Dy wie opslach dea. Sûnt woarden dêr nachts de skuorredoarren altyd iepen dien sûnder dat der ien to sjen wie. Dat gebeurde om sa'n tolve ûre hinne. Dat mat dyselde...
nl.verhalenbank.24595
Op Bennema-state to Hurdegaryp stie de hekke altyd iepen. In kloftsje fan tolve man, dy kommen hjir út 'e omkriten wei, dy woenen dêr mear fan wite. Dy gongen dêr yn 'e nacht hinne en hâldden in weddenskip. Ien foar ien dienen se de hekke ticht. Mar net sadra hie ien de hekke ticht dien of hy sprong direkt wer iepen. Deselde dy't it ús heit forteld hat...
nl.verhalenbank.31213
Hjir op 'e Wâl op 'e hoek stiet in hûs, dêr gong de doar altyd fansels fan iepen, waerd der altyd sein. Dêr hat in sekere Durk yn wenne, dy hie him dêr ophong. As de doar dan wer iepen gong, seinen se: "Dû mast dêr bliuwe, Durk." Dan woe syn geest der yn. Dy wie dan wer warber.
nl.verhalenbank.37906
Der wie in greate boerepleats, dêr wie 't net plús yn. It spoeke dêr. De boer prakkesearde der oer om der wei to wenjen. Hy sei tsjin syn arbeider: "Jonge, astû de boel hjir oplosse kinst, krijst in grou stik jild fan my. De arbeider sei: "Ik sil 't bisykje." Hy gong nei de dûmny ta en frege of dy in nacht mei him weitsje woe yn in keamer fan 'e pleats,...
nl.verhalenbank.19836
"Ik ben een keer naar de Gevangenenpoort in Bergen op Zoom geweest zomaar om te kijken, ik was samen met mijn man daar en er waren gruwelijke dingen te zien... We gingen naar boven de trap op om nog meer te bekijken, er waren maar 3 mensen meer nog op deze verdieping en aan de andere kant van waar wij liepen, toen ik zei van wat vreselijk allemaal wat er...
nl.verhalenbank.49912
Yn 'e Feanster Omloop wenne froeger Japik Kikkert (= van der Bij). Der lei in greate gracht achter syn hûs. Dêr wienen us twa bern willemoeds yn fordronken troch de minsken dy't doe yn dat hûs wennen. Sûnt dy tiid roannen dy bern nachts altyd om 'e dobbe hinne. De skuorredoarren, as dienen se dy jouns nòch sa fêst, dy stienen de oare moarns altyd iepen.
nl.verhalenbank.26042
Tichte by Piter Kikkert ûnder 't Surhústerfean stie in boerespul, dêr stie de skuordoar altyd fan iepen. Dat wie ek sekuer wier, dat seinen Jan en alleman. Guon gongen moarns bitiid nei 't wurk, dan moesten se by Piter Kikkert oer 't hiem. Dan seagen se dêr dy doar wol iepen stean. Op in moarn ier en bitiid soe der in arbeider mei de Feanster boat nei 't...
nl.verhalenbank.28244
8