Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: geest dood Place of Narration: Opende
As der ergens yn in hûs ien himsels fan kant brochte, dan doogde it letter op sa'n plak net mear. Dan wie der hwat, dan spûke it dêr. De geast fan 'e forstoarne woarde dêr soms sjoen. Sa'n spoekhûs wie min to forkeapjen.
nl.verhalenbank.27995
Under 'e Kompenije, by de Skieding, is de Janke-dobbe. Dêr is froeger in fanke yn forsûpt en dy hiet fan Janke. Dêr komt de namme fan. Guon sizze dat Janke dêr noch omspûket.
nl.verhalenbank.26024
Jo matte noait hwat bilove oan ien dy't op stjerren leit. Hwant as jo der net oan foldwaen kinne, dan komt dyselde letter wer.
nl.verhalenbank.25941
Op datselde plak, dêr't mem dat pleachbeest sjoen hat, dêr spoeke it altyd. Guon matte dêr wol us in berntsje sjoen ha. Dêr ha in man en in frou wenne, dy krigen rúzje mei elkoar en doe lutsen se elk oan in ein fan it berntsje. Sa ha se it útelkoar lutsen.
nl.verhalenbank.25949
Us mem hat froeger njonken in âld minske wenne; dat minske hie in bulte kwea dien. Doe is dat minske letter stoarn, mar sy koe de rêst net krije. Doe spoeke se altyd. Doe hat ús mem de doomny der by helle. Dy hat dêr doe in gebet dien en neitiid ha se noait wer lêst hawn. Dat wie hjir flak njonken dit hûs.
nl.verhalenbank.25940
Der wie in âld minske, dat kom to overlijden. It woarde de bern oansein. Mar de iene soan, dy't troud wie, hie in bytsje forkearing mei in oare frou. Hy hie krekt dy deis dat er de deatynge fan syn âlde mem krige mei dat frommes steld om by har to kommen. Tsjin 'e famylje sei er: "Ik kin hjoed net komme, ik kom moarn wol." It wie sa'n fjirtich k.m. nei...
nl.verhalenbank.25706
Us mem is yn 'e Harkema great brocht. Hja fortelde der wenne yn 'e Harkema in âld frou, dy siet altyd to spinnen. Froeger wie it de gewoante, as de lju in himd hienen dat net al to bêst mear wie dan brûkten se dat as deadshimd. It wie doe in earmoedige tiid. Doe't dat âld minske kom to forstjerren, dat altyd siet to spinnen, dienen se har in himd oan,...
nl.verhalenbank.24178
7