Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: gat Place of Narration: Drachten
In nachtmerje kin troch in hiel lyts gatsje. Us Hindrikom en syn broer en noch in pear ha ris meielkoar to apelstellen west by in boer. Doe woarden se troch de plysje attrapearre en kommen yn 'e gefangenis. Hindrikom hie dêr yn 'e sel alle nachten in nachtmerje. Doe ûntdekte er dat der in gatsje yn 't rútsje siet. Hy frege as dat ticht makke wurde mocht....
nl.verhalenbank.19320
Yn Jobbegea stie in doomny, dy hiet fan Mol. Dy wie ris in kear op in forgadering, dêr wienen in hiel soad minsken. De sael wie groatfol. Ien fan 'e bitsjinsters kom op him ta, doe't hy der yn kom. "Kan mijnheer er door?" frege se. "O heden ja," sei doomny, "een mol kan door een klein gaatje."
nl.verhalenbank.33709
Heit en mem wienen oan 't ierpeldollen foar in boer yn Drachtster Kompenije. Tichteby wenne in âld wyfke yn in húske. Ik wie doe noch in jonkje en myn susterke wie by my. Dat âld-wyfke kom yn 'e doar to stean en frege ús: "Fan hwa binne jimme berntsjes?" "Fan Hindrik en Piertsje", seinen wy. "Dan matte jimme hwat fan my ha, net?" sei 't minske. Doe krigen...
nl.verhalenbank.37020
De hekke to Hurdegaryp, dy't altyd iepen stiet: Froeger hat dêr in âld buorkerij stien, it slot is der letter kom. Doe't dy buorkerij der noch stie, ha in boer en in feint in freesliken rúzje krigen. Sy stienen as liuwen tsjin elkoar oer, by de daem, de feint mei 't mes iepen, de boer mei de bile. Doe hat de boer de feint mei de bile deahoud. Doe hat er...
nl.verhalenbank.19379
Yn 'e Houtigehage wennen minsken dy hienen in jonkje. Dat rekke siik. Doe gongen se nei de duvelbander ta, hwant der siet alhiel gjin groede yn 't bern. Dy sei: "It bern is bitsjoend." Sy ha op syn oanwizing it kessen leechhelle. Dêr siet in krâns yn. Doe ha se alles yn 'e hûs goed tichtmakke. Alle iepeningen. 't Kaeisgat en 'e skoarstien en alles. En doe...
nl.verhalenbank.27516
Wy rieden froeger wol yn Grins troch de Poddepoel. Dêr wie in skuorre, dêr siet in gat yn. Sy seinen, dat gat koe noait ticht. 't Gong altyd fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.25059
Yn Aldskoat wie ris in bigraffenis. Doe't it folk op 't tsjerkhôf wie soenen se de kiste sakje litte. Doe sei it lyk ynienen: "Lit my der út. Ik ha 't hjir sa binaud!" Doe lieten de dragers de kiste los en dy plofte yn it graef. Sy naeiden allegear út, hals oer de kop. Der wie in âld-minske by, dy wie sa rimpen, dat hja stroffele oer in sark en bruts in...
nl.verhalenbank.26050
Ik haw fantofoaren sjoen it plak dêr't wy ús houn bigrave soenen. Ik seach de snie en de modder en de lodde, dêr't se it gat mei groeven. 't Is krektengelyk sa gebeurd.
nl.verhalenbank.36907
35