Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: gaan Place of Narration: Boelenslaan
Sytse Frouk wenne op Feansterheide. Hja woarde siik. Hja tochten, se kin wolris bitsjoend wêze en doe seagen se de ynhâld fan 't holkessen nei. Ja, hear, dêr kaem in krâns út. Doe binne se nei de duvelbander ta gong. Dy joech in drankje mei. Hy sei, hja moesten de krâns forbrânne, mar goed oppasse dat alles sekuer ticht wie; elk gatsje moest tichtstoppe...
nl.verhalenbank.37780
As se in apel of sa fan Myt krigen, dy smiten se wer fuort. Hwant as se dy opieten krigen se in pod yn 't liif, seinen se. Tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. En sy stutsen it bern mei spjelden, dat dienen se dan thús. Hie it bern trije krânsen yn 't kessen, dan gong it dea.
nl.verhalenbank.37846
Hjir ha ek wol minsken wenne, dy't se út noch yn net by it fé ha woenen. Dat wie net fortroud. Dan gong it fé dea. Foar sokke lju leinen se duveldrek ûnder 'e drompel. En se dienen ek duveldrek yn it drinken fan 'e biggen.
nl.verhalenbank.37851
Myn broer Miente en syn kammeraet Meint Pama hienen op in joun beide nei de faem ta west. Yn 'e nacht kamen se werom fan 'e Rottefalle. By de Trije Roede gongen se útelkoar, elk moest in kant út. Meint Pama gong de Trije Roede del en kom sa by 't Blauhûs. Doe't er dêr oan ta wie seach er in forskining. 't Wie in frommis, dat sweefde. Meint wie sa binaud...
nl.verhalenbank.37765
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie mei de helm geboaren. Dat sei er sels. It gebeurde wol dat ien mei him oproun by jountiid of by nacht. Dan sei er: oan kant, der komt in lykstaesje oan. As de oare dan sei: ik sjoch neat, sei Boardzer: Mast mar oer myn skouder hinne sjen. Dan seach dy oare it ek.
nl.verhalenbank.37764
Myn broer Sytse Taekema wie us op in joun mei in freon by Piters Jantsje oan 'e Gielewyk. Doe sei er tsjin syn kammeraed: "Jow even hwat rûmte." Mear sei er net. "Hwat bistû healwiis, hwerom matte wy oan 'e kant gean?" sei syn kammeraet. Mar Sytse woe 't net sizze. Letter hat er it forteld. Der gong doe in lykstaesje foarby. De regenkleden fan 'e froulju...
nl.verhalenbank.17698
35