Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
30 datasets found
Dutch Keywords: familielid sterven
By in sikere Sjirk yn 'e Pein kaem op in moarn in ekster op it hiem stappen. Sjirk sei tsjin syn frou: Nou is der ien yn 'e famylje stoarn. Ja, sei syn frou, ik soe fan 'e moarn de geit melke; 't beest wie pûr. Dyselde moarns krigen se in roubrief oer de post. Der wie ien út 'e famylje stoarn.
nl.verhalenbank.31916
Doe't myn frou stoar hie se ek alles al fan tofoaren sjoen. Hja wie doe útfanhûs by har dochter yn Bûtenpost.
nl.verhalenbank.34462
It gebeurde yn 'e moblisaesje fan 14 op 18. Op in joun kaem ik thús fan 'e tsjinst. Moeke fortelde, hja hie hwat sjoen yn 'e nacht. Der hie in man yn in hûs west en moeke hie oan 't hollenein fan in deaden sitten. Sy hie net sjen kind hwa't dy deade wie en dy fremde man hie se ek net kend. Doe hie dy man tsjin moeke sein: "Jo matte dêr even wei gean, ik...
nl.verhalenbank.29381
Kij Plantinga fan Hiltsjemuoiwâlden is myn skoanheit. Dy syn skoansuster, Hiltsjemuoi, wennet oan 'e greate strjitwei by de Koaten. Hiltsjemuoi wyt mear as in oar. Yn 1936 krigen wy in famke, dat woarde dea geboaren. Wy kamen faek by Hiltsjemuoi, dat ik gong dêr hinne om it to sizzen. Sa't ik der by har stie - ik hie noch neat sein - doe sei se: "'t Is...
nl.verhalenbank.34461
Op in moarn skattere der hyltyd in ekster by ús om 'e doar hinne. "O heden," sei mem, "dit bitsjut hwat. Nou is der ien stoarn yn 'e famylje." Wy laken der om en woenen der neat fan leauwe. Mar mem sei: "Jimme matte de gek der net mei ha. Tink aenst mar ris om myn sizzen. De middeis kom der in boade út Sumar (Fennema), dy't it boadskip brochte dat in...
nl.verhalenbank.15694
Der wenne in boerke yn Hoarnstersweach, dy stie der finansieel net sa bêst foar. Hy frege in lytsfeint en dy krige er. Dy jonge wie dêr in skoftsje, doe gong dêr in barchje dea by dy boer. De boer tocht: "Ik slachtsje dat barchje, dat komt net yn 'e groun. Dat kinne wy wol meielkoar opite." Hy slacht it en hja bihimmelen it meielkoar. Sy ieten der lekker...
nl.verhalenbank.28462
Myn heit hat nou fjouwerensawntich jier wei west. Ik wie goed alwe jier doe't er stoar. Trije wiken foar syn dea sei Knjillis Veenstra tsjin ús mem: "Dû hâldst Fokke net lang mear." En doe wie heit doch noch sa soun as in fisk. Hy krige krampkolyk en hy wie sa soun en sa dea. It wie in keardel as in beam en izersterk. Hy wie noch gjin seisenfjirtich jier...
nl.verhalenbank.19425
Yn 'e Himrik stie in woanwein, dêr wenne in man yn, dy wie mei de helm geboaren. Alle nachten moest hy der ôf en nei 't tsjerkhôf ta. Der waerd dan op 'e wein kloppe en dan sei er 'ja'. Op in kear kom der in lykstaesje lâns by nacht. Dy koe net passeare. Hy moast mei de wein fan 't sté. Dat die er dyselde nachts. De oare deis forstoar der ien. 't wie...
nl.verhalenbank.21019
Yn Himpens wenne myn muoike Tryntsje. Dy hie in jonkje Sipke, dat fordronk yn 'e feart njonken hûs. Myn âlden wennen doe yn Ljouwert. Tryntsje-muoi stjûrde in boade nei myn âlden ta mei it biricht dat it jonkje fordronken wie. De boade koe earst it hûs net fine. Hy socht en socht mar, op 't lêst seach er in frou, dy wie dêr oan 't strjitskrobjen. Dat wie...
nl.verhalenbank.33347
Myn beppe Atsje dy siet op in joun op it húske. Achter 't hûs stie in hok, en dêr wie 't húske yn. Wylst hja dêr siet hearde se in bouns tsjin 't kezyn fan 'e achterdoar oan. En dochs wie der neat. Mar oardel wike letter brochten se in deakiste ta de achterdoar yn. Dy bounze tsjin 'e doar. Sy moesten achterom, omdat se foar yn 't hûs de swaei net krije...
nl.verhalenbank.33346
In wearwolf kin allinne mar deasketten wurde troch in famyljelid mei in sulveren kûgel.
nl.verhalenbank.31023
Achter Surhuzum is in greate poel. Dy is midden yn 't lân, dêr't Piter van Bruggen ^ wenne hat. In famyljelid fan ús hat dêr us op in joun om healwei alven by helder ljochtmoannewaer in stim út 'e poel heard. Der waerd sein: "De tijd is der wel, maar de man is der niet." Twa jier letter is dêr in man fordronken. It wie Piterom syn kammeraed. Hy weage him...
nl.verhalenbank.17740
Voorteken: Er is me nog vaag een verhaal bekend over een man, die in een droomgezicht een lijkstoet zag voorbij trekken van iemand, die binnenkort zou moeten sterven. Aan degene, die er voorop ging, en aan de volgorde der familieleden in de stoet, kon hij met zekerheid voorspellen, wie dit lot zou treffen. Ging bv. de echtgenoot voorop, dan was het de...
nl.verhalenbank.69249
Jan van der Zee wenne by de haven op Smel-ie. Syn wiif krige in lytsen. Syn omke wenne op 'e koai by Smel-ie. Dy syn wiif kom us in kear by Jan van der Zee om de lytse to sjen. Wylst hja dêr wie, krige it bern hiel bot pine. It raesde it út. It bern waerd fan dy ûre ôf siik en 't is stoarn. Doe ha se 't kessen neisjoen. Dêr sieten krânsen yn. Doe wie 't...
nl.verhalenbank.24003
Myn wiif is sauntsjin jier jonger as ik. Sy is fan har earste man skeiden. Sy hat ris in kear nei in kaertlizter yn Grins west. Hja sei tsjin dy kaertlizter: "Ik woe graech de takomst wite fan 't leven." De kaertlizter hie tsien kaerten op in rige lizzen. Dêr moest myn wiif trije trijetallen fan opnimme. De tsiende bleau lizzen. De kaertlizter kearde de...
nl.verhalenbank.27478
Er waren ook mensen, die euh, zagen een kruis in het beddengoed - dus meestal op het witte laken - als ze de bedden opmaakten. En dat waren dan meestal de vrouwen, en dan wisten ze dat ter binnenkort in de familie iemand zou sterven. Doordat kruis in het laken, maar ik heb die vrouwen zélf nooit gesproken. Ik heb dat ook weer via via gehoord.
nl.verhalenbank.128298
Wy wennen yn 'e Harkema op 'e Bulten. Dêr ha wy fiif jier wenne, doe bin wy nei de Singel forhuze. Dat wie 't húske, dêr't mem har heit yn wenne. Dat kochten wy en doe kom pake by ús yn. Froeger hienen pake en beppe dêr in winkeltsje yn dat húske hawn. Dat foroaren wy doe yn in keammerke. Dêr kom pake yn en wysels wennen yn 'e keamer. Pake hat net sa lang...
nl.verhalenbank.33169
As jo oer fisken drome giet er ien dea, wie froeger altyd de hiting. As jo oer luzen drome ek. 't Is ien fan jins neiste famylje of jo binne it sels.
nl.verhalenbank.33775
Myn skoanmem wenne yn den Haech. Op in joun siet se mei de bern yn 'e keamer. Doe seagen de bern har ynienen bleek wurden. "Hwat is der, mem?" frege ien. "Ik seach hjir sakrekt in swarte houn," sei se, "dy roun om 'e tafel hinne en is der doe wer útgien troch dy doar. Dy houn bringt it boadskip, dat der gau ien út 'e famylje deagean sil." In pear dagen...
nl.verhalenbank.31228
Heine Jilderda fan 'e Broek hie fiif berntsjes, dy woarden alle fiif siik. Sy seinen: hja binne bitsjoend. Alde Frearke Tiet wie de beppe fan 'e berntsjes (ek in Jilderda), dat wie de tsjoenster. Har broer Jan wie ek in tsjoenster. Doe't de buorlju seinen: - de berntsjes bin bitsjoend -, sei Hanne, de mem fan dy berntsjes: "Ik kin 't net leauwe en ik mei...
nl.verhalenbank.25648
35